Liveblog | 19 novimber 2023

Sport: Follybalsters Snits yn fyfde set nei winst | Rijpma-de Jong pakt goud op teamsprint

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 19 novimber 2023, 18:58
snein 19 novimber 2023
18:58

LDODK begjint nije kuorbalseizoen mei oerwinning

De kuorballers fan LDODK binne it nije seizoen fan de Korfbal League mei in oerwinning úteinset. Yn Amsterdam wie de ploech fan De Gordyk te sterk foar Blauw-Wit: it waard 20-27.

Ferline jier helle LDODK noch de play-offs fan de Korfbal League yn Rotterdam.

18:01

Follybalsters Snits yn fyfde set nei de winst

De follybalsters fan Friso Snits ha op it nipperke de oerwinning pakt tsjin Peelpush út Meijel. Yn de earedivyzjewedstriid yn Limboarch wiene de Snitsers yn in beslissende fyfde set te sterk: 2-3.

De setstannen wiene 25-21, 18-25, 25-15, 27-29 en 7-15.

16:31

Lykspul foar Cambuur tsjin Roda JC

© Orange Pictures

SC Cambuur hat sneintemiddei in punt oerhâlden oan it kompetysjeduel mei Roda JC. Yn it eigen Cambuurstadion yn Ljouwert einige de wedstriid yn 1-1.

15:46

Tsiende plak foar fjildrydster Leonie Bentveld yn Frankryk

Fjildrydster Leonie Bentveld fan Burgum is sneintemiddei op it tsiende plak einige by de wrâldbekercross yn Frankryk. Yn Troyes gie de winst by de froulju foar de twadde kear op rige nei Ceylin del Carmen Alvarado. Puck Pietserse waard twadde en it tredde plak gie nei Lucinda Brand.

14:47

Roda komt op likense hichte fia strafskop

Al gau moat Cambuur de foarsprong wer út hannen jaan. Roda JC krige yn de tolfde minút in strafskop, dy't Walid Ould-Chikh fersulvere. Keeper Van Osch siet noch oan de bal, mar koe úteinlik gjin rêding bringe.

14:40

Cambuur al rap op foarsprong tsjin Roda JC

Al yn de fjirde minút fan de wedstriid komt Cambuur op foarsprong. De bal waard troch Wiebe Kooistra mei de holle nei Milan Smit spile. De spits tocht net nei en skeat de bal fia de peal kreas binnen: 1-0.