Dit is wêrom't ek Friezen moannen langer yn de krisisopfang sitte as nedich

It kin útsjochleas lykje: de trochstream komt mar net op gong © Shutterstock.com (KinoMasterskaya)

De krapte op de wenningmerk wurdt hieltyd slimmer. It hat under oare ta gefolch dat minsken yn de needopfang gjin kâns ha in 'werstart' te meitsjen. Helporganisaasje Wender liedt de needklok.

"It streamt net troch", seit helpferliener Erwin Pijpker fan opfangorganisaasje Wender. Minsken dy't hiere bliuwe dêr sitten om't se net in keaphûs krije kinne. Dat docht ek bliken út sifers dy't de NOS opfrege hat. In fjirdepart fan de sosjale hierwenten giet nei minsken mei foarrang.

It gefolch is dat minsken dy't yn de opfang sitte en wer selsstannich wenje kinne net in hûs krije kinne. Pijpker: "It soe goed wêze om út te streamen, sadat wy ek wer plak meitsje foar oaren dy't de help nedich ha."

In opfanglokaasje fan Wender yn Burgum © Omrop Fryslân

Wachtsje. Dat is it iennichste dat Sylvia van der Veer dwaan koe. Goed twa jier lyn kaam se nei in relaasjebrek op strjitte te stean. Mei har soantsje sliepte se earste by freonen.

Om't se net ynskreaun stie by de wenningbou kaam se ûnderoan op de wachtlist. Dêr giet it neffens har al mis: "De regels ja, der is gjin romte foar útsûndering". It wie de skoalle fan har soantsje dy't de needklok late. Sylvia kaam yn de krisisopfang fan Wender yn Burgum.

Silvia siet alve moannen yn de opfang yn Burgum. © Omrop Fryslân

"Dat wie yn it begjin echt hiel noflik. De earste twa moannen sliepten wy beiden sa'n alve oeren. Mar as de rêst der is en je krije it libben wer op de rit, dan wolle je fierder."

Dy nije stap sette wie dreech. Sa sit Sylvia alve moannen yn de opfang. Dan komt it nijs dat der in hûs is. "Dat komt troch myn soan. Dan komme je yn oanmerking foar in urginsjewenning. Oars hie ik hjir miskien noch sitten." Se is ferhuze en wennet sûnt koarten yn Ljouwert.

Gau de doar út

Erwin Pijpker begrypt de frustraasjes by Sylvia. Húshâldingen wol hy, as it kin, it leafst ek sa gau as mooglik de doar wer út ha. "Yn it begjin pakke je de problemen oan. Dy binne yn de measte gefallen gau oplost en dan binne de kliïnten wer klear om út te streamen."

Hy tinkt allinnich dat de kliïnten lêst ha fan it feit dat se by Wender sitten ha: "Wenningbouferieningen wolle graach ynbûn ha dat der begelieding is. Dat se de finânsjes op de rit ha en der in bewâldfierder is dy't se yn de gaten hâldt."

Erwin Pijpker is ien fan de helpferlieners fan Wender © Omrop Fryslân

Dy eangst fan wenningbouferieningen begrypt Pijpker wol: "Mar op basis fan ús ûnderfiningen is it al sa dat as wy sizze dat ien der klear foar is om wer selsstannich te wenjen, dan is dat ek sa."

Se ha de romte ek hurd nedich. "De lêste tiid komme der in soad minsken binnen nei in relaasjebrek. Dy kin dan net sa in hûs fine."

Pijpker wiist op de sifers: "Oant no ta ha we al 900 minsken hân dy't kontakt sochten mei it oanmeldpunt. Dat is echt in hiel soad." Net eltsenien hoecht de opfang yn, mar de sifers jouwe al oan dat in goede trochstream fan grut belang is.

It transferpunt

By it Sociaal Domein Fryslân (SDF) is in transferpunt. Evert Boomsma: "Wat wy dogge is minsken aktyf bemiddelje. Dat dogge wy no in oardel jier en it begjint no syn doel te bewizen." Boomsma sjoch it stûken fan de trochstream as in mearfâldich probleem dat breed yn Fryslân spilet en ek net maklik op te lossen is.

It 'Huis voor Jongeren' yn Ljouwert © Omrop Fryslân

It gie net goed mei Jarno de Vries. Op strjitte yn Surhústerfean kaam hy yn oanrekking mei de drug speed. Jarno wennet noch efkes by syn mem, mar bedarret dan op stjitte. Sliepe docht hy yn de nachtopfang fan Wender yn Ljouwert.

Nei ferrin fan tiid kriget Jarno in keamer yn it 'Huis voor Jongeren' yn Ljouwert. Dêr leart Jarno hoe't hy foar 'm sels soargje moat, struktuer oan te bringen en wer selsstannich te wêzen. "Ik stean al ûnder kuratele", seit Jarno. "Mar ik ha myn libben wer aardich op de rit."

Jarno yn ien fan de mienskiplike romten fan it hûs foar jongelju © Omrop Fryslân

No is it foar Jarno wachtsjen op in eigen hûs. "Rome is ek net yn ien dei boud, it komt grif goed", seit hy. Dochs binne de frustraasjes der al. "Yn in eigen hûs kinst jûns dyn gong gean, hjir sitte je mei 22 man om je hinne. Dat barst wolris." Oer in jier is Jarno wol op himsels. "Hielendal klean mei in eigen wenning."

Der binne ferskillende redenen om urginsje te krijen by it krijen fan in hierwente. Dat kin sykte wêze of jildproblemen bûten dyn skuld om. Mar ek as je bedrige wurde of te krijen hân ha mei húslik geweld en it net mear feilich is op it plak dêr't je wenje. Fierder ha minsken dy't út in opfang of finzenis komme rjocht op foarrang.

Jarno jout oan dat hy dan noch al begelieding nedich hat. It leafst in foarm fan begelied wenjen. Dêr sit wer in oar probleem, sjocht Boomsma fan it SDF. Dat is de ynstelling dy't helpt by it finen fan in hûs.

"It betsjut dat de gemeente soargje moat foar help. Dat is somtiden dreech", seit Boomsma. Dat hat te krijen mei besunigingen. "Gemeenten krije it finansjeel dreger en moatte mei minder middels in oplossing fine. Dat wurdt in hieltyd gruttere útdaging."

It ferhaal fan Robert

Robert (efternamme bekend op de redaksje) hat goed nijs krigen. Lang om let is der foar him in hûs beskikber. Hy kin fuort al ferhúzje: "Ja, echt fantastisch. Ik zie het nu positief in maar dat was de afgelopen maanden wel anders."

It wachtsjen wie swier. Nei't hy yn de opfang kaam, gie de knop gau om: "Ik had binnen één, twee maanden alles voor elkaar. Schulden geregeld, een baan. Er was alleen geen woning."

Dat frustrearret ek him. Benammen om't hy de hier ek betelje kin en graach in eigen plak ha wol dêr't hy syn bern ek ûnderbringe kin.

Fêst yn it systeem

"Ik zat vast in het systeem", seit Robert. "Er wordt niet meer individueel gekeken. Naar wat iemand wel en niet kan. Of iemand dus snel kan doorstromen."

Dêr spilet it transferpunt fan it SDF in wichtige rol. Dy bemiddelet by urginsjegefallen. "Het heeft lang geduurd voordat daar wat uitkwam. Toen het bij de woningbouw terecht kwam kon ik binnen een week sleutels ophalen en een contract tekenen."

By it SDF sitte se allinnich mei it oanbod fan wenningen. Dat moat der al wêze. Boomsma: "Korporaasjes ha wachtlisten. Dat kinne wy net feroarje. Dêr binne wy al fan ôfhinklik. We kinne allinnich suksesfol wêze as der oanbod is."