Liveblog | 17 novimber 2023

112-nijs 17 novimber: Frachtwein yn de sleat op A7 | Fertochte oanholden foar sjitpartij

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 17 novimber 2023, 18:02
18:02

Auto útbaarnd by Warten

© SR Fotografie

Yn Warten is freedtemiddei in auto útbaarnd. Dat barde oan de Midsbuorren. De bestjoerder fernaam de brân wylst er oan it riden wie en sette lyk syn auto oan de kant.

De brânwacht koe net foarkomme dat de auto folslein ferlern gie.

17:53

Botsing by Aldehaske

© Compact Media

Troch in foarrangsflater binne twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde op de krusing fan de Hasker Utgongen en Nije Fjildwei.

It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne. In berger yn ynskeakele om de auto's fuort te slepen.

17:30

Fytser en bestelbus yn botsing yn Ljouwert

© AS Media

Op in oerstekplak op it Hoeksterpad yn Ljouwert binne in bestelbus en in fytser yn botsing kaam.

De fytser is troch meardere helptsjinsten en in traumadokter behannele.

De dyk wie folslein ôfsletten foar ferkear. De plysje docht ûndersyk nei it ûngemak.

17:08

Frachtwein yn de sleat op A7

© CAMJO Media

Op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean is in frachtwein kantele en yn de sleat bedarre. De brânwacht en ambulânse waarden alarmearre en hawwe de sjauffeur earste help jûn mar de sjauffeur rekke net ferwûne.

Ien rydbaan is ôfsletten en dat leveret in lange file op.

Minsken dy't ûnderweis binne rjochting It Hearrenfean moatte omride fia Ljouwert (N31) en dan It Hearrenfean (A32) folgje.

17:05

Fertochte oanholden foar sjitpartij wenning

De plysje hat in 19-jierrige man út Ljouwert oanholden dy't fertochte wurdt fan belutsenens by in sjitynsidint op de Vuurdoornstraat yn de stêd. Dêr waard tongersdeitejûn sketten op in wenning.

De plysje siket noch tsjûgen en fideobylden fan it ynsidint.

16:08

Man hellet jild fan rekken beheinde buorman

In 27-jierrige ynwenner fan Feanwâlden hat 6.500 euro fan de rekken fan syn buorman mei in ferstanlike beheining helle. Dit die er om syn kokaïneferslaving te finansierjen. De man waard troch de rjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren wêrfan de helte ûnder betingst. Boppedat moat hy it jild werombetelje.

De fertochte hie skulden fan 4.500 oant 5.000 euro's by dealers. De man wist wêr de pinpas fan de buorman lei en koe de pinkoade.

De kwestje kaam oan it ljocht doe't de automatyske ynkasso fan de wenningbouferiening net slagge, om't der net genôch jild op de rekken stie.

De fertochte soe nei de berte fan syn dochter syn libben bettere ha: hy soe net mear ferslave wêze oan drugs.