Stille tocht foar Palestina tagelyk mei besite Israelyske ambassadeur yn Ljouwert

In stille tocht om slachtoffers yn Gaza te betinken © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Mei in stille tocht troch Ljouwert waard stilstien by de deaden dy't de lêste wiken fallen binne yn Gaza. Krekt derfoar wie op in oar plak yn 'e stêd de besite fan de Israelyske ambassadeur yn Nederlân, Modi Efraim.

Hy brocht tongersdei in besite oan de eardere Joadske skoalle om omtinken te freegjen foar de ynwenners fan syn lân dy't gizele binne. Twa kanten fan in konflikt wienen efkes hiel tichtby inoar.

De stille tocht is de tredde demonstraasje yn koarte tiid yn Ljouwert. Dit kear bestie de opkomst út sa'n 40 minsken.

In frou mei in wite holdoek rint mei har man mei. Se kuieret efter de bernewein, dêr't har soan yn leit. Se komme oarspronklik út Tuneezje en de húshâlding wennet yn Ljouwert. "Moslim lives matter", seit se. Oftewol, ek it libben fan in moslim docht der ta.

Ambassadeur Modi Efraim (links) wurdt yn de Joadkse skoalle ûntfongen troch sektretaris Avraham Schabbing © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sa'n twa oeren foar de stille tocht brocht Modi Efraim as Israelyske ambassadeur in besite oan de Joadske skoalle yn Ljouwert. Hy waard ûntfongen troch Avraham Schabbing fan de Joadske mienskip yn Ljouwert.

Oer de stille tocht seit Efraim dat hy de frijheid dêrfan respektearret en dat dit ek wichtich is. Hy beneamt wol dat stipe oan de Palestynske beweging Hamas dat nét is.

"It antysemitisme is de lêste tiid mei 800 persint tanommen yn Nederlân", sa fertelt hy. "Ik fyn it wichtich fynt dat minsken yn feiligens nei de synagoge, tsjerke, moskee en skoalle gean kinne."

Kearskes foar ferbûnens

Mei kearskes yn de hân rinne minsken fan it stasjon ôf in stik troch it sintrum fan Ljouwert sûnder wat te sizzen. In 29-jierrige frou út Ljouwert fan Turkske ôfkomst rint mei en seit dat se har bot ferbûn fielt mei de minsken yn Gaza. "Ik heb het idee dat bij steeds meer mensen de ogen open gaan over wat er nu in Gaza gebeurt."

Yn it sintrum fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De Israelyske ambassadeur seit dat hy kompassy hat foar alle deaden oan beide kanten en dat se net tsjin Palestynske boargers binne. "We binne net tsjin Palestinen, mar we fiere in striid tsjin radikale terroristen. Dat binne ek fijannen fan de Palestynske boargers."