Danny Noppert útskeakele op Grand Slam of Darts

© PDC

Darter Danny Noppert is der net yn slagge him foar it earst yn syn karriêre te pleatsen foar de kwartfinales fan de Grand Slam of Darts. Yn de twadde ronde fan it telefyzjetoernoai yn Wolverhampton ferlear de Jouster mei 4-10 fan Stephen Bunting út Ingelân.

Noppert rûn fuortendaliks efter de feiten oan en stie al gau mei 1-4 efter. It slagge de Jouster in pear kear net om relatyf maklike punten út te smiten. Op in bepaald momint waard it ferskil yn legs sels fjouwer (2-6 en 3-7). Doe wie al wol dúdlik dat Noppert it ferskil net mear goedmeitsje soe.

Bunting stie noch ien leg ôf, mar kaam nea mear yn de problemen: 4-10.

De Grand Slam of Darts is ien fan de fiif grutste toernoaien fan dartsbûn PDC. It is it iennige toernoai mei in pûlfaze: de bêste twa fan alle acht pûls pleatse har foar de achtste finales.

It toernoai is ôfrûne wykein begûn en einiget op snein 19 novimber. Foar de winner leit goed 170.000 euro klear.