Wurksumheden om havenstrân Flylân op te knappen fan start

Foar it havenstrân fan Flylân is ekstra ûnderhâld nedich fanwege it fersakjen fan parten fan it strân yn see. De ûnderhâldswurksumheden binne tongersdei úteinset.
It strân bliuwt foarearst ticht, om't de wurksumheden yn folle gong binne. "We zijn bezig met het aanvullen van het strand met zand uit een nabijgelegen depot", ljochtet Robert Zijlstra fan Rykswettersteat ta, wizend nei de aktiviteiten fan de shovel op it smelle strân.
Dizze wichtige wurksumheden binne in gefolch fan in oeverfal dy't ôfrûne septimber plakhie. "Een oeverval houdt in dat een deel van het strand wegglijdt, vooral als het strand te steil is", ferklearret Zijlstra. Dit barren resultearre yn grut strân- en dúnferlies.
Rykswettersteat is him derfan bewust dat it oanfoljen fan sân mar in tydlike oplossing is. "Het biedt geen structurele oplossing. We starten binnenkort met het onderzoeken van langdurigere opties, zoals het uitbreiden van strekdammen of het aanleggen van nieuwe steenstortingen."

De herstelwurksumheden binne hurd nedich, net allinnich foar beskerming tsjin oerstreamingen, mar ek foar de tagonklikheid fan it strân foar helptsjinsten.
It havenstrân bliuwt foarearst ôfsletten foar publyk en weinen. De wurksumheden sille nei ferwachting yn desimber klear wêze. Om't Rykswettersteat noch dwaande is mei it ûndersykjen fan in langetermynoplossing, kin it wêze dat der yn de kommende perioade geregeld sân byfoege wurde moat.