Soargen oer skea troch gaswinning by Toppenhuzen en Twellingea

Gaswinlokaasje by Toppenhuzen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ynwenners fan Toppenhuzen en Twellingea meitsje har grutte soargen oer de gaswinning by de doarpen. Vermilion sil dêr begjin takom jier 200 miljoen kúb út de grûn helje en wol noch folle mear gas winne.

De doarpen binne benaud foar skea oan de huzen, weardefermindering en 'Grinslanner tastannen'. Opkeare kinne se de nije gaswinning yn it fjild tusken Toppenhuzen, Jirnsum en Boazum net. Fergunningen foar 200 miljoen kúb binne al rûn. It wurk is yn folle gong. In boaiemdelgong fan twa sintimeter is dêrby tastien.

Benaud foar mear boaiemdelgong

"Allinnich is Vermilion no fan doel om ekstra boarrings te dwaan, sadat se yn stee fan 200 miljoen, 300 miljoen kúb gas winne kinne. Wy as doarpsbewenners binne benaud dat de boaiemdelgong folle mear as dy twa sintimeter wurde sil", seit Luuk Westert fan de Stjoergroep Gaswinning.

"Boppedat is der risiko dat de grûn hjir trilje sil mei as gefolch dat wy skea oan ús wenningen hawwe."

Soargen oer gaswinning by Toppenhuzen en Twellingea

Se wolle in represintative boukundige opname, in nulmjitting, en net de stekproef dy't Vermilion útfiere litte sil. "Wy fine dat fier ûnder de maat", seit Westert. "Want dat binne 200 mjittingen op 25.000 wenningen. Wy tinke dat wy hjir net genôch oan hawwe om dy skea ferhelje te kinnen op Vermilion as der yn de takomst al skea ûntstiet."

De Stjoergroep Gaswinning Toppenhuzen en Twellingea © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Vermilion jout oan dat sa'n nulmjitting gjin juridyske wearde hat en dat dêr tsjintwurdich de kommisje Mijnbouwschade foar yn it libben roppen is. Dat se dochs in mjit- en monitoaringsnetwurk oanlizze, is omdat dat by de fergunning tasein is. Mear as in stekproef wolle se net bekostigje.

De bewenners wolle sels in boukundige opname betelje foar alle huzen, omdat dy foar de sivile rjochter wol jildich wêze soe.

De oanlis fan in nije gaslieding tusken Toppenhuzen en Boazum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Huzen mei skea troch de oanlis fan it akwadukt yn 1978 soenen ek metten wurde moatte, fynt bygelyks Anke Branderhorst fan Twellingea.

"Dêr meitsje wy ús soargen oer, want wy hawwe in hûs mei grutte skea oan de fundearring. Wy binne bang dat der skea komt oan ús hûs as se no wer yn de grûn begjinne te rommeljen. Wy sitte foar safier't wy witte net yn it ûndersyk. Dat is foaral foar huzen fan foar 1940 en wy hawwe in hûs dat yn 1967 boud is."

Vermilion lit witte dat se de soargen goed begripe en dêrom graach yn petear bliuwe mei de stjoergroep om ôfspraken goed fêst te lizzen.