Fermiste kotter lokalisearre by Nigearia, noch gjin kontakt mei bemanningsleden

De kotter dêr't it om giet © Omroep Flevoland

De fiskkotter dêr't al in skoft neat fan fernaam waard foar de kust fan Afrika is trasearre. It skip leit 45 myl foar de kust fan Nigearia, befêstiget Bennie Zeilmaker, de broer fan Corrie Zeilmaker, ien fan de bemanningsleden. Kontakt is der lykwols noch net lein.

It skip fear foar de westkust fan Afrika doe't it fan de radar ferdwûn. It wie út Nederlân wei ûnderweis nei Kongo.

Der wiene trije bemanningsleden oan board. Twa mannen út Harns, ûnder wa de skipper, en ien man út Zoutkamp. De skipper, Henk Visser (68), is yn Gambia fan board gien, omdat er siik waard.

De oare mannen, Corrie Zeilmaker út Harns en Peter van der Molen út Zoutkamp, binne tegearre fierdergien. Sûnt 24 oktober is der neat mear fan se fernaam.

Hoe komt it mei de fermiste kotter?

De broer fan Zeilmaker, Bennie, is tongersdei troch de maritime plysje belle oer it nijs. It skip is op de radar te sjen, dus der is stroom oan board. It is oant no ta lykwols noch net slagge om kontakt te krijen mei de bemanning, dus it is ûnwis wa't der oan board is.

Der geane geroften dat it skip fuortsleept wurdt troch de Nigeriaanske marine, mar dat is op dit stuit absolút net wier, stelt Zeilmaker.

Der wurdt besocht om tichter by it skip te kommen. Fia oaljemaatskippij Shell, dat sels in protte yn Nigearia wurket, wurdt besocht om in helikopter of fleantúch te regeljen om sa yn de buert fan it skip te kommen. Shell woe yn earste ynstânsje net meiwurkje, mar no't der in lokaasje bekend is, tinkt Shell der miskien oars oer, hopet Zeilmaker.