HEA! Ierappelsshow yn Easterbierrum

HEA! Ierappelsshow

De Frysk-Grinslanner Ierdappelkwekersferiening FG-AKV hâldt syn rasseshow yn de loads fan Palma yn Easterbierrum. De leden litte lykas alle jierren harren moaiste selskweekte ierappels sjen.

De leden binne likegoed professjonele ierdappelkwekers as partikuliere hobbykwekers. De dream fan elts lid is om in nij ierappelras te kweken dat dêrnei ek yn produksje naam wurdt. Der is foar dizze dei in tsiental ynstjoerders mei 63 ferskate ierappels en neffens de saakkundigen hat eltse ierappel syn eigen persoanlikheid.