Teun Smink is op syk nei de dreechste 'fotomodellen' yn de Fryske natuer

Undersiker Teun Smink fan ekologysk adfysburo Altenburg&Wymenga © Remco de Vries/Omrop Fryslân

Undersikers jeie no al trije jier mei hast 170 wyldkamera's op lytse marters. Dat binne net de meast maklike fotomodellen. Mar it is nedich omdat wy eins gjin idee hawwe fan de fersprieding fan de murd, harmeling en wezeling.

Alle wylde bisten binne yn Nederlân beskerme, mar hoefolle beskerming se fertsjinje, hinget bot ôf fan hoe't it mei bistesoarten giet. It makket in soad út oft der in soad fan binne op mar ien of twa plakken, of just amper op in grut ferskaat oan plakken.

As de oantallen tebekrinne, kin dat úteinlik beheiningen opsmite foar minsklike aktiviteiten yn harren libbensgebiet.

In harmeling boppe it gers út, fêstlein mei in wyldkamera © Altenburg & Wymenga

Fan de murd, harmeling en wezeling witte wy eins allinnich dat sy ûnder druk steane op suver alle plakken yn Europa dêr't der ûndersyk nei dien is. Der binne oanwizingen dat dat yn Nederlân net oars is. Mar yn Fryslân witte wy dat pas oer sa'n fiif jier, wannear't dit ûndersyk ôfrûn is.

Ferburgen bestean

Ekolooch Teun Smink fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga fiert it ûndersyk op dit stuit út. "Het zijn redelijk 'cryptische soorten'. Ze zijn vrij klein. Al is de bunzing iets groter dan de twee anderen. Ze hebben een erg verborgen leefwijze", seit hy.

"Ze zijn erg snel en redelijk hyper in hun gedrag. Het verreist camera's van hoge kwaliteit, omdat die diertjes anders vaak als een soort waas op beeld staan."

Speure nei de dreechste 'fotomodellen' yn de natuer

Net allinnich de kwaliteit fan de kamera's docht der ta, mar ek wêr't je dy delsette, leit Smink út. "Dat doen we op basis van de kennis over de biologie van de soorten."

Sykje by flessehalzen

Foar eins alle rôfbisten jildt dat it goed wurket om te sykjen by 'flessehalzen.' "Denk bijvoorbeeld aan een smalle overgang over water, zoals een dammetje in het open grasland of een boomstam die over het water ligt. Daar is een dier gedwongen een smal stuk te passeren, waardoor de kans toeneemt om hem in beeld te krijgen."

In wezeling stekt de sleat oer © Altenburg & Wymenga

Smink siket de lytse marters yn alle lânskippen yn it bûtengebiet. Net allinnich yn natuergebieten, mar ek yn lân dat yntinsyf, agrarysk brûkt wurdt.

No binne it wol soarten dy't fan in lytsskalich lânskip hâlde, mei wat rommelhoekjes. As dy eleminten folslein ûntbrekke, hawwe sy it dreech.

Spesjalist en generalist

Smink: "De twee kleinsten, de wezel en de hermelijn, zijn meer specialistische roofdieren die zich vooral richten op kleinere prooidieren. Met name de woelmuizen zoals de veldmuis. De bunzing is meer een generalist die dus ook wijder verspreid voorkomt in verschillende landschapstypen."

Omdat it oer it algemien min giet mei de murd, harmeling en wezeling, binne dizze trije soarten yn de measte provinsjes út de saneamde frijstellingslist helle.

"Dat betekent dat er bij ruimtelijke ingrepen geen vrijstelling is, dat men dus rekening moet houden met deze drie soorten en dat er onderzoek moet worden gedaan."

Mar dan moat wol goed yn byld wêze hoe't it mei de soarten giet. "Dit onderzoek richt zich niet op dichtheden, maar op verspreiding. Dus waar komen ze voor en hoe gaat het met de aantallen?"

Gefoelich

Undersyk nei rôfbisten leit yn Fryslân noch wolris wat gefoelich omdat sy ek wolris wat meipakke fan beskerme fûgels of bygelyks hinnen. De oare kant is dat de provinsje wetlik ferplichte is om ek dizze lytse marters op sa'n wize te beskermjen dat der in sûne populaasje fan bestean kin.