Goitske ferhuze nei Poalen en hjit no Gosja: "Se kinne myn namme hjir net útsprekke"

Goitske en har man Eke yn Poalen © Goitske de Vries-de Jong

Minsken hawwe noch faak in ferkeard byld fan Poalen as in grau en griis lân. Goitske de Vries-de Jong út Aldegea (Sm.) wol it nije Poalen sjen litte. "Der binne hjir bergen, marren en hippe stêden lykas Krakau."

De útspraak fan har namme is foar de Poalen net te dwaan. "Yn Poalen is it Gosja, mar wy prate no Frysk, dus hiel graach Goitske", seit se as de fraach foarlein kriget hoe't we har neame moatte.

Se komt al lang yn it lân. Tritich jier ferlyn wie se foar it earst yn Poalen. Sawat tweintich jier ferlyn namen sy en har man Eke it beslút dat se letter ferhúzje soene nei in berchgebiet.

Al frij gau waard dúdlik dat it Poalen wurde moast, want dêr fiele se harren thús. It is de natuer en de kultuer. En it grutsk wêzen op de eigenheid.

"Dat kenne wy yn Fryslân ek. Elkenien hjir yn de omkriten wit dat wy út Fryslân komme. Wy binne earst Friezen en dêrnei Nederlanners. En as tredde ek in bytsje Poalsk."

Het roer om

Se hawwe meidien oan it telefyzjeprogramma Het roer om. By in emigraasje hast it drok mei dingen regelje. Dat nimt safolle tiid dat foto's en fideo meitsje der net fan komt.

"Troch it programma waarden we twongen om dingen fêst te lizzen op kamera. No hawwe wy in moai dokumint. Net inkeld it telefyzjeprogramma sels, mar ek ús eigen argyf."

Łapsze Wyżne, hjir wenje se © Goitske de Vries-de Jong

Eins soene se pas nei harren pensioen emigrearje, mar dat waard earder. "Om ús hinne seagen we guon freonen omfallen. We tochten: we binne no noch sûn. Wêrom gean we it avontuer no net oan?"

Se moasten wol wat betinke dêr't se jild mei fertsjinje koene. In hypoteek opnimme wie net nedich, want der wie genôch sparjild.

"Eins hoegden we inkeld ynkommen om fan te libjen. Foar dingen lykas iten, drinken en fersekeringen."

Snielânskip yn it Poalske Łapsze Wyżne © Goitske de Vries-de Jong

It nije wenplak waard Lapsze Wyzne, in doarpke mei 800 ynwenners yn it suden fan Poalen net fier fan de Hongaarske grins en de Tatra-bergen. Dêr hawwe se by harren eigen hûs in fakânsjehûs bouwe litte dêr't se harren ynkommen út helje.

"We dogge alles foar de gasten." Sa binne se ek taksysjauffeur en gids. "Yn in lân mei in drege taal, is soks in gouden fynst."

De twa katten binne mei emigrearre nei Poalen © Goitske de Vries-de Jong

De Poalske taal is net sa maklik. Goitske en har man hawwe beide gjin taleknobbel. Fiif jier lang hawwe se les hân en dat is noch net genôch.

"We kinne ús rêde yn de winkel en by de gemeente. Mar in petear mei in groep freonen yn it Poalsk is yngewikkeld."

Ynienen hearde ik klopjen op de doar en 'Folk!' roppen.
Goitske oer de Fryske gasten dy't earder kamen as ferwachte

Lêsten stiene der ûnferwachts Fryske gasten foar de doar. "Ynienen hearde ik klopjen op de doar en 'Folk!' roppen. Dat docht my dan wol wat. It rekket my yn it hert."

"Doe't de Fryske gasten fuort wiene, moasten wy bykomme. De hiele wike koene we ús eigen taal prate. It giet sa maklik. As se fuort binne, dan mist dat."

Kat op it balkon © Goitske de Vries-de Fong

It sil altyd dy twa lannen bliuwe foar Goitske. "Op Unôfhinklikheidsdei, ôfrûne wykein, hiene we de Fryske en Poalske flagge út. Dat fynt it hiele doarp logysk. En dat fyn ik ek wol wer moai."

Goitske har ferhalen binne hjir te folgjen.