Troch 'New Norm' fan it IOC kin Thialf yn 2030 olympysk wurde

Switserlân en Sweden tinke oan Thialf as lokaasje foar it langebaanreedriden by de Winterspelen fan 2030. De twa kandidaat-organisatoaren hawwe sels net in geskikte baan. Hoe realistysk is it dat de Spelen echt nei Fryslân komme?
Der binne fjouwer kandidaten om de Winterspelen fan 2030 te organisearjen. Njonken Sweden en Switserlân binne dat de Provence-Alpes-Côte d'Azur en Auvergne-Rhône-Alpes-regio yn Frankryk en Salt Lake City yn de Feriene Steaten. Al rjochtet dy lêste him benammen op de Spelen fan 2034.
Gjin geskikte baan
De trije Europeeske kandidaten hawwe allegear net in geskikte 400-meteriisbaan. Om dat probleem op te lossen, sjocht Frankryk nei de opsje om in tydlike konstruksje te bouwen yn de omkriten fan Nice. Al skriuwe Frânske media dat it ek net útsletten is dat der foar dit ûnderdiel útwykt wurdt nei omlizzende lannen, lykas Dútslân en Nederlân. Mooglik dus ek kânsen foar Thialf by de Frânsen.

De Switsers binne al wat konkreter. Yn in helberheidsûndersyk wurdt skreaun dat de arena's yn it Dútske Inzell en It Hearrenfean yn oanmerking komme foar olympyske wedstriden. Ek sil ûndersocht wurde oft it reedriden yn deselde hal holden wurde kin as by de Olympyske Spelen fan 2026 yn Milaan en Cortina d'Ampezzo.
Sweden tinkt oan It Hearrenfean en it Noarske Hamar as mooglik plak foar it reedrydtoernoai. Wurdfierder Lars Markusson liet lykwols witte dat beide plakken noch net offisjeel benadere binne.
Besteande stadions
Dat al dizze lannen oer har eigen grinzen sjogge, kin net los sjoen wurde fan it feit dat it ynternasjonaal olympysk komittee (IOC) yn 2020 de saneamde 'New Norm' oannaam hat. In set fan 118 herfoarmings mei as doel dat it goedkeaper wurdt om de Spelen te organisearjen, dat de opbringst heger wurdt en dat de Spelen duorsumer wurde.
Yn dat ferbân wurde organisatoaren oanmoedige om besteande stadions of akkommodaasjes te brûken. Dy kinne ferspraat wêze oer ferskillende stêden, regio's of lannen. It IOC ferwurdet it sels sa: in gastplak moat him net mear oanpasse oan de Spelen, mar de Spelen moatte harren oanpasse oan it gastplak.

Dat is geunstich foar Thialf, want yn stee fan sels in stadion bouwe, sille de lannen earder oerhingje nei geskikte banen yn oare lannen.
De ôfstân tusken It Hearrenfean en Bern en Stockholm binne respektyflik in lytse 900 en in goede 1.300 kilometer. Dat is bêst in eintsje, mar net útsûnderlik. Sa is it surfen by de Simmerspelen fan 2024 op Tahiti, op goed 15.000 kilometer fan gaststêd Parys.
Tredde faze krúsjaal
It is dus in reële opsje dat it langebaanriden by de Winterspelen fan 2030 yn Thialf plakhawwe sil. Mar safier is it no noch lang net. De kandidaten hoopje daliks de tredde faze yn te gean by it seleksjeproses. Dat is de saneamde 'gerichte-dialoochfaze'. De kandidaten komme dêr allinnich foar yn oanmerking as de ried fan bestjoer fan it IOC harren dêrfoar útnûget.
Yn dizze faze wurde detaillearre diskusjes fierd om de plannen fan de kandidaten te ferfynjen. Dat is in krúsjale faze foar Thialf. Dan wurdt bepaald oft de Fryske iistimpel ek echt opnaam wurdt yn de plannen fan in kandidaat-organisator.
De ferwachting is dat it IOC ein novimber, begjin desimber bekend makket hokker plannen trochgean nei de tredde faze.

Nei de tredde faze sil de ried fan bestjoer fan it IOC ien of meardere kandidaten foardrage. Mei de oerbleaune kandidaten wurdt dan in ferkiezing holden. Dat wurdt bepaald op in gearkomste yn Parys, oan de foarjûn fan de Simmerspelen fan 2024.