It hege wetter wie net foar eltsenien in probleem: de natuer profitearret

In smjunt yn it wetter © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)

We kleie allegear flink oer it wiete waar fan de ôfrûne tiid. De wetteroerlêst soarget ek foar in soad problemen foar boeren en wetterskippen. Mar de natuer profitearret der just fan dat it lân op ferskate plakken hielendal ûnderstrûpt.

Sa sit it bûtendyks lân by Ferwert op it stuit grôtfol mei trekfûgels, lykas einen, guozzen en smjunten. "Yn Noard-Fryslân steane de simmerpolders no fol mei wetter", fertelt opsichter Bauke Dijkstra fan It Fryske Gea. "De fûgels lûke der nei ta om it te brûken as sliep- en foerazjeargebiet."

In grut part fan it gebiet leit flak foar de see. "As it stoarmseizoen nei 15 oktober úteinset, strûpe de kwelders in pear kear ûnder wetter. Mar de simmerpolders binne noch beskerme. Oer it algemien bliuwe dy wol wat drûch, mar no't it wetter allegear fan boppen komt, strûpe de simmerpolders ek fol."

Oktober wie de wietste moanne dy't it KNMI registrearre hat en ek yn novimber foel oant no ta frijwat rein.

Tichter by de seedyk

Dat smyt grutte oantallen fûgels op, dy't dus folle tichter by de seedyk sitte as oars. "De trekfûgels binne der massaal te finen", seit Dijkstra. "Om't de lannen dêr ek fol steane mei wetter. Se brûke it om te fretten en te sliepen, de fûgels fiele har dêr feilich. Sy profitearje der maksimaal fan."

© CAMJO Media

"De fûgels dy't je oars mear oan de râne fan it Waad sjogge, lûke no nei de seedyk ta", fertelt Dijkstra. "Dêrtroch binne se foar minsken ek better te sjen en falle se mear op."

Yn de kwelders brûke de fûgels it gers dat dêr noch groeit om fan te fretten. Mar se sliepe der ek, omdat se harren dêr op it wetter feilich fiele.

Wetterskip skaalt wer ôf

Wetterskip Fryslân makke woansdei bekend wer wat ôf te skalen yn de ôffier fan wetter. Der wurdt de kommende dagen noch wol wat delslach ferwachte, mar dat falt tusken de perken te hâlden. Yn de ôfrûne dagen hawwe aardich wat gemalen aktyf west om it lân te ûntlêsten.

"It is foar ús ek wol in bytsje dûbel", moat Dijkstra tajaan. "It Fryske Gea lit oars in soad projekten útfiere om dizze tiid hinne. Mar dy lizze ek stil om't it gewoanwei te wiet is."

Mar it waar feroaret wer. De trochsneed wetterstân yn de Fryske boezem is no 50 sintimeter ûnder NAP, it normale peil is 52 sintimeter ûnder NAP.