Fiif opsjes foar ferfanging brêge Koatstertille: fan útnimbere brêge oant akwadukt

Der lizze fiif opsjes foar ferfanging fan de brêge by Koatstertille. De brêge oer it Prinses Margrietkanaal krige in oantal jierren werom 'koade read' fan Rykswettersteat.
De opsjes binne: in útnimbere brêge sûnder middenpylder mei in trochfearthichte fan 9,1 meter, in fêste brêge mei middenpylder mei trochfearthichte fan 9,1 meter mei in útnimber part, in beweechbere brêge mei trochfearthichte fan 9,1 meter, in beweechbere brêge mei trochfearthichte fan 7,4 meter en ta beslút in akwadukt.
Oer jier dúdlikheid
Op it stuit is der ien rydstripe iepen op de brêge en moatte bestjoerders foar in stopljocht wachtsje op ferkear oan de oare kant. Sûnt oktober 2021 mei der ek gjin swier ferkear mear oerhinne.
Omwenners moatte noch wol efkes geduld hawwe: "Wy ferwachtsje dat wy oer in jier witte wat hjir komt", fertelt omjouwingsmanager Anna Brouwer fan Rykswettersteat. "Dêrnei duorret it ek noch in aardige tiid foar't dy ferbining realisearre is."
Oant dy tiid wurdt der wurke mei in needoplossing. "De hjoeddeiske brêge wurdt fersterke en dan kin it ferkear der ek wer fan twa kanten oerhinne", seit Brouwer.
Miening omwenners
Tiisdeitejûn wie der in ynformaasjegearkomste foar omwenners yn MFA Tillehûs yn Koatstertille. De miening fan ynwenners wurdt meinaam yn de ôfwaging foar de ferskate opsjes. Mar der wurdt ek sjoen nei natuer, oft de opsje yn it lânskip past en ek nei de kosten.
Rykswettersteat hat in budzjet fan 35 miljoen euro krigen foar de ferfanging fan de brêge.