Fegetarysk wurdt de noarm foar meiwurkers gemeente Hearrenfean

© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

Om it miljeu minder te belêsten wol de gemeente Hearrenfean net mear automatysk fleis op it menu sette. Fleisleafhawwers moatte dêr tenei om freegje.

No noch moatte de fegetarysk itende meiwurkers by bestellingen oanjaan dat se fleisferfangers hawwe wolle. Mar neidat der in moasje oannaam is, wurdt dat omdraaid: de fleisiter moat tenei oanjaan dat dy in gehakbal of kowelape ha wol.

De moasje helle it mar krekt, mei 15 foar- en 14 tsjinstimmen. It bliuwt in kontroversjeel ûnderwerp, seit GrienLinks-fraksjefoarsitter Ype van Woersem. "Voedsel is emotie. Mensen willen niet het gevoel hebben dat ze iets slechts doen."

Dat wie ek net it byld dat syn fraksje skeppe woe. "Maar we willen wel rekening houden met de gevolgen van ons eetpatroon. En we willen een antwoord op die gevolgen, op een manier die mensen aan het denken zet en ze de juiste richting op helpt."

Ien fan de yntsjinners fan de moasje, Ype van Woersem, fraksjefoarsitter GroenLinks Hearrenfean © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Van Woersem is ien fan inisjatyfnimmers fan de moasje fan PvdA, D66 en dus GrienLinks. Hy fynt de stap net 'betuttelend'.

"Die term hebben we wel langs horen komen in de raad. In principe is alles wat we doen als politici in zekere mate betuttelend. Ook de huidige manier van werken zou een vorm van betutteling kunnen zijn. Ik begrijp het, maar ik denk dat het vaak gebruikt wordt voor iets waar men het niet mee eens is."

It gemeentehûs fan Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda

De moasje krige stipe fan de Christenunie en fan in part fan de FNP. Tsjinstanners fine it net allinnich belearend, mar ek aktivistysk en te folle op de emoasje.

Fleis ite kin noch altyd

Mar eltsenien kin noch hieltyd ite wat hy of sy wol. Der is gjin beheining fan de frijheid fan it kiezen, seit Van Woersem.

It giet om mielen dy't by cateraars kocht wurde foar byienkomsten mei lunch of jûnsiten. "Wij geven als raad dan ook van tevoren aan wat we willen eten. Wij gaan niet over de precieze invulling. Dat is aan de organisatie. We bepalen de menukaart niet."

In soad organisaasjes wrakselje mei deselde kwestje en wolle klimaatfreonliker hannelje. Hearrenfean wol hjirmei as gemeente it goede foarbyld jaan, seit Van Woersem.