Polityk libbet ûnder jeugd, fernimt Keamerlid De Hoop: "Se binne kritysk, dat is moai"

"Polityk is belangryk. Wy binne op dizze skoalle seker mei polityk dwaande." Learlinge Janne is entûsjast nei ôfrin fan in tige libbendich frage-oerke mei Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop. "Polityk libbet hjir."
De Hoop wie te gast op kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. It optreden wie op koarte termyn organisearre en net yn de klasse taret, mar dat makke net in soad út.
De fiifdeklassers sieten fol krityske fragen en fregen de kandidaat fan GroenLinks-PvdA it himd fan it liif. "Wy hawwe hjir ek in debatklup en prate faak oer polityk. It libbet hjir", seit Janne.
Krityske fragen
"Mooi idee, een maandkaart van 50 euro voor het openbaar vervoer, maar hoe gaat u dat betalen?", wie de earste fraach dy't De Hoop krige. De toan wie gelyk dúdlik: mei beloften sûnder ûnderbouwing hoecht in kampanjefierende kandidaat net oan te kommen by krityske gymnasiasten.
De Hoop wie nei ôfrin dan ek posityf ferrast oer it nivo fan de fragen dy't er krige. "Se freegje kritysk troch en dat is moai. As je hearre hoefolle oft dizze jongeren al fine en witte, dan soe ik sizze: lit se stimme fan 16 jier ôf." Tsjin de fragesteller sei er dat de plannen fan GrienLinks-PvdA trochberekkene binne en betelle wurde kinne.
Klimaatbelied
Njonken mobiliteit en de wenningkrisis wie klimaatbelied it tredde wichtige tema foar de leerlingen. De Hoop krige ek dêr in soad fragen oer. Bygelyks wêrom hy sels in tsjinstanner is fan kearnenerzjy. Yn dit gefal liet Silke har troch De Hoop oertsjûgje dat it better is foar Nederlân om te begjinnen mei sinnepanielen en wynenerzjy.
Hy komt hiel sympatyk oer, mar op it ûnderwerp klimaat bin ik it net mei him iens.
"Oare partijen neame kearnenerzjy, om in ekskús te hawwen om gjin oare maatregels te nimmen", heakket De Hoop deroan ta. Hy is fierder fan betinken dat fleanfjild Schiphol krimpe moat en dat de subsydzjes op fossile enerzjy hiel gau ôfboud wurde moatte.
Iensidich
Foar de 18-jierrige Jacob is it klimaatbelied krekt in reden om net op Habtamu de Hoop stimme te wollen. "Hy komt hiel sympatyk oer, mar op it ûnderwerp klimaat bin ik it net mei him iens. Wat hy seit oer sinnepanielen en wynmûnen kloppet neffens my net."
Jacob fynt it spitich dat der njonken De Hoop gjin politike konkurrint stiet om mei him yn diskusje te gean. "It is no wat iensidich. Mei ferskillende fyzjes en ferhalen kinne je better je eigen miening foarmje." Jacob is der noch net út wat er krekt stimme sil, mar fynt it ferhaal fan De Hoop 'te links'.
Seizoenkaart Hearrenfean
De groep reagearret noch it sterkst as De Hoop fertelt dat er in seizoenkaart hat fan sc Hearrenfean, yn it supportersfak Nieuw Noord. In part fan de learlingen fynt it moai, mar oaren hawwe der muoite mei en litte grutsk it logo fan Cambuur sjen.
"Ik haw ek noch even by Cambuur fuotballe", fertelt de kandidaat, om it wer goed te meitsjen. "Hy fertelt it earlik, en dat fyn ik goed", seit Janne.