Dúmke Op, Dúmke Del: Wat wol Mariska Rikkers mei Fryslân?

Dúmke Op, Dúmke Del mei Mariska Rikkers

Yn oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 22 novimber freegje we Fryske politisy hoe't se tinke oer ferskate politike tema's. Yn dizze tredde ôflevering fan Dúmke Op, Dúmke Del prate we mei Mariska Rikkers fan BBB.

Yn Dúmke Op, Dúmke Del meie Fryske Keamerkandidaten fertelle wat se foar Fryslân betsjutte wolle. Yn de flitsronde leit ferslachjouwer Casper Slotboom in tal stellingen foar oan de kandidaat, dy't dêrnei mei presintator Eric Ennema djipper yngiet op ien fan dy stellingen.

Earder wiene Aant-Jelle Soepboer (NSC) en Tjeerd de Groot (D66) te gast. De kommende dagen komme Jouke Spoelstra (CDA) en Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) noch del.