Ald-deputearre Frans Steijvers (80) ferstoarn

Ald-deputearre Frans Steijvers is ôfrûne snein yn de âldens fan 80 jier ferstoarn yn syn wenplak Drachten. Steijvers wie PvdA'er en wie fan 1989 oant 1995 bestjoerder yn it Fryske provinsjehûs.
Dêrnei hat er noch koart waarnimmend boargemaster fan de gemeente Dantumadiel west en wie er fan 1996 oant 2005 gemeentesekretaris en direkteur stedsûntwikkeling by de gemeente Ljouwert.
Steijvers sette yn syn tiid as deputearre Miljeu en letter Ekonomyske Saken it provinsjale ôffalbelied op poaten en stie oan de widze fan nije bedriuweterreinen, sa stie op de de rouadvertinsje fan de provinsje yn de krante.