Lêste fêste priklokaasjes tsjin corona slute oer in moanne

De lêste fêste faksinaasjelokaasje tsjin it coronafirus yn Fryslân giet mids desimber ticht. Dêrnei komme der allinnich noch lytsere pop-uplokaasjes.
De GGD-lokaasje yn Ljouwert slút op 6 desimber, dy yn Drachten op de 15e. Dan binne alle fêste faksinaasjelokaasjes yn Fryslân ticht. Oant dy tiid kinne ferskate doelgroepen noch in prik helje, mar allinnich op ôfspraak.
Dy groepen binne minsken dy't in heger risiko rinne om slim siik te wurden, 60-plussers en soarchmeiwurkers mei direkt kontakt mei kliïnten. Wa't nei 15 desimber noch in prik helje wol, soe nei in pop-uplokaasje kinne, mar dy ha mar in beheinde kapasiteit.
Dy pop-uplokaasjes binne yn Harns, Snits, Surhústerfean, Koudum, Dokkum, Appelskea en Kollum.
Foar minsken dy't noch thús wenje, mar net mobyl binne en dus net op sa'n faksinaasjelokaasje komme kinne, bestiet de mooglikheid om thús in prik te krijen. In ôfspraak dêrfoar meitsje kin oant 8 desimber.
Yn 2024 is de coronaprik allinnich noch beskikber foar minsken yn ferwachting en medysk-heechrisikogroepen.