HEA! Sint-Marten foar 50-plussers

HEA! Sint-Marten foar 50-plussers yn Skraard

Yn Skraard binne der net mear genôch bern om Sint-Marten te rinnen. En dat moast oars, waard yn it doarpshûs op in jûn oan de bar betocht. De manlju fan 50-plus nimme dêrom it stokje oer.

Dy geane no dus by de doarren del. Mar se belje net oan foar snobbersguod, mar foar in buorrel!

Wapene mei lampionnen en in selsbetocht Sint-Martenferske lûkt de ploech troch it doarp. Hast oeral wurdt de groep waarm ûntfongen en der wurde royaal slokjes útdield.

De bedoeling is dat takom jier de froulju rinne meie, en dat dan de mannen de drank skinke. Mar de mannen twivelje oft se dizze moaie nije tradysje noch wol út hannen jaan wolle.