De toan fan Froukje Sijtsma: "Mediawijsheid: sykje en skipperje"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân

"Fan 10 oant en mei 17 novimber is it de Week van de Mediawijsheid. Dizze wike is bedoeld om bern op in krityske en learsume wize bewust te meitsjen fan posityf mediagebrûk. It tema fan dit jier is #hierniet en giet oer it tsjingean fan online pestgedrach.

As mem haw ik no noch net safolle te krijen mei de útdagingen fan online peste. Myn dochter is acht jier. Se hat gjin eigen mobile telefoan en hat noch net online kontakt mei leeftiidsgenoatsjes. Se hat wol in tablet dêr't se filmkes op sjen mei, lykas bernesearjes op Netflix. Dochs is it altyd in sykjen en skipperjen nei wat ik as mem tastean.

As lyts famke mocht myn dochter op myn telefoan moarns wolris filmkes sjen. Wylst sy Peppa Pig seach, draaide ik my noch efkes om en hâlde ik mei ien each iepen yn de gaten wat se die. It hie op in moarn net in soad skeeld of se hie ien fan de aventoeren fan Peppa Pig op myn tiidline op Facebook dield.

De toan fan Froukje Sijtsma

Gjin man oerboard fansels. Folle sneuer binne de ferhalen fan minsken dy't de gegevens fan de creditcard automatysk op in apparaat ynsteld hawwe. Sa wie der ris in 6-jierrich jonkje yn Amearika dat wakker op advertinsjes klikte en foar mear as 13.000 euro útjoech oan betelle spultsjes en firtueel hûne- en kattefretten.

De tablet fan myn dochter stiet op bernemodus, mar dat is gjin garânsje dat der gjin rommel foarby komt. Op YouTube Kids sjocht se graach nei bistefilmkes, de Zoete Zusjes en influencers dy't sels slijm meitsje. Allegear relatyf ûnskuldich, mar mei in bytsje skrollen komst soms nuvere filmkes en advertinsjes tsjin.

Fan dy gefaren besykje ik myn dochter ek bewust te meitsjen. Want hoewol't ik har it leafst op har Squla-app haw, dêr't se boartsjenderwiis leuke opdrachten docht, hat sy faak folle mear nocht oan online diamant painting en oare fergees oanbeane apps. Sa spilet se wolris spultsjes dêr't se in hotel runne moat, mar lêst kaam der ek in spultsje foarby dêr't se bagaazje skanne moast op in fleanfjild.

Yn dat lêste spultsje kamen messen en wapens foarby, mar ek rôle der in fibrator oer de rinnende bân fan it fleanfjild. Absurd. Dêrom is it ek sa belangryk om as folwoeksenen te folgjen wat bern online allegear sjogge en belibje.

De lêste tiid hie ik aardich myn nocht fan al dy razende TikTokkers mei harren challenges, ek al is it miskien de realiteit fan dizze tiid. Ik fertel myn dochter dat der minsken binne dy't in soad jild fertsjinje oan advertinsjes, fergeze apps en it ferkeapjen fan persoanlike gegevens. En dat it wolwêzen fan de brûkers der foar harren net ta docht.

En dus haw ik yn oerlis mei myn famke it mediagebrûk by ús thús wat beheind, sûnder har it gefoel te jaan dat se fan alles mist. Sûnder dy razende en roppende influencers wurdt it by ús wat rêstiger yn 'e hûs. Foar salang't it duorret fansels, want mediawijsheid, dat bliuwt altyd in saak fan sykjen en skipperjen."