Noppert mei pûlwinst troch nei achtste finales Grand Slam

Mei trije oerwinningen yn trije wedstriden is darter Danny Noppert as pûlwinner troch nei de achtste finales fan de Grand Slam of Darts. Tiisdeitejûn wie de Jouster mei 5-4 te sterk foar Brandan Dolan.
Earder hie Noppert al mei 5-3 wûn fan de Japanner Haruki Muramatsu en mei deselde sifers fan Andrew Gilding út Ingelân.
Tsjin de Noard-Ier Dolan ferlear Noppert de earste leg, dy't er sels begjinne mocht. Fan de fiif legs dêrnei, pakte Noppert fjouwer. Op 4-2 liet er it nei om de wedstriid út te smiten en dêrnei makke Dolan der sels 4-4 fan.
Yn de beslissende leg, dy't Noppert begjinne mocht, pakte er de wedstriid mei in finish fan 124.
De Grand Slam of Darts is ien fan de fiif grutste toernoaien fan dartsbûn PDC. It is it iennige toernoai mei in pûlfaze: de bêste twa fan alle acht pûls pleatse har foar de achtste finales.
It toernoai is ôfrûne wykein begûn en einiget op snein 19 novimber. Foar de winner leit goed 170.000 euro klear.
Yn de achtste finale spilet Noppert tsjin de Ingelskman Stephen Bunting. Dy wedstriid is tongersdeitejûn.