HEA! yn Akkrum: Karnaval, winterfair en Ford Taunussen

HEA! De HEA!-caravan yn Akkrum

Elkenien is lekker himsels yn Akkrum en dus ek bysûnder op syn eigen wize, sa seit ien fan de tipjouwers dy't de HEA!-caravan binnenstapt. Moaie ferhalen en bysûndere minsken binne der genôch yn Akkrum.

Slachter Daan Spijkerman makket woarst mei sûkelade, de heksen komme del en by de winterfair yn de doarpskeamer binne de ferneamde klokken fan Aize Wijnstra te keap.

Hyltsje Hilverda is de dûbelgonger fan de bruorren Anker en hat in bysûndere samling Ford Taunussen.