Dúmke Op, Dúmke Del: Wat wol Tjeerd de Groot mei Fryslân?
Dúmke Op, Dúmke Del mei Tjeerd de Groot
Yn oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 22 novimber freegje we Fryske politisy hoe't se tinke oer ferskate politike tema's. Yn dizze twadde ôflevering fan Dúmke Op, Dúmke Del prate we mei Tjeerd de Groot fan D66.
Yn Dúmke Op, Dúmke Del meie Fryske Keamerkandidaten fertelle wat se foar Fryslân betsjutte wolle. Yn de flitsronde leit ferslachjouwer Casper Slotboom in tal stellingen foar oan de kandidaat, dy't dêrnei mei presintator Eric Ennema djipper yngiet op ien fan dy stellingen.
Earder wie Aant-Jelle Soepboer (NSC) te gast. De kommende dagen komme Jouke Spoelstra (CDA), Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) en Mariska Rikkers (BBB) noch del.