Minister sjocht ferpleatsen fearhaven fan Holwert nei Ferwert wol sitten

De feartsjinst fan Wagenborg tusken Holwert en It Amelân © ANP

Foar in bettere berikberens fan It Amelân sjocht minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat it wol sitten om de fearhaven te ferpleatsen fan Holwert nei Ferwert. Dat skriuwt er yn in brief oan de Twadde Keamer.

Neffens ûndersyk soe in nije feardaam op in oare lokaasje oan de fêste wâl de bêste oplossing wêze. Foaral it plan foar in feardaam yn Ferwert wurdt sjoen as in goeie manier om in duorsume en betroubere ferbining te realisearjen.

It soe ek in oplossing wêze foar de baggerproblemen op de rûte nei It Amelân. De fearferbining tusken Holwert en it eilân hat in soad problemen, ûnder oare omdat de fargeul bytiden te smel is en der net altyd romte is foar twa boaten om byelkoar del te farren.

De fargeul sliket hieltyd wer ticht mei sân en baggerskippen fan Rykswettersteat binne de hiele tiid dwaande om de fargeul breed genôch te hâlden.

Negative effekten op natuer

De haven ferpleatse fan Holwert nei Ferwert soe dy problemen ferhelpe moatte. Dat soe wol negative effekten ha kinne op de natuer yn de Waadsee en dêrom is de fraach oft ferpleatse samar kin.

Ferskate natuerorganisaasjes, wêrûnder de Waadferiening en It Fryske Gea, sjogge neat yn it ferpleatsen fan de haven. Sy jouwe it ministearje it advys om de hjoeddeistige haven yn Holwert as útgongspunt te nimmen.

Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat © ANP

It ministearje is op it stuit dwaande om de útkomsten fan in ûndersyk nei de berikberheid fan It Amelân te besjen, tagelyk mei de advizen fan de regio, natuerorganisaasjes en Rykswettersteat.

Ein desimber moat der dan in beslút lizze oer mooglike ferfolchstappen.