Sylster Laila van der Meer pleatst har foar har earste Olympyske Spelen

Sylster Laila van der Meer kin in ticket boeke foar de Olympyske Spelen yn Parys fan takom jier. Mei har partner Bjarne Bouwer is se de oare Nederlânske duo's foarbleaun op it EK yn Portugal.
De lêste dei fan it EK op it wetter fan Vilamoura waard fanwegen in gebrek oan wyn skrast. Dat betsjut dat Van der Meer, fan Grou, en Bouwer as tsiende einigje yn de Nacra 17-klasse.
Dat tsiende plak is teloarstellend as je it fergelykje mei foarige toernoaien, mar wol genôch. Want it betsjut dat de oare Nederlânske duo's op grutte achterstân bliuwe yn it kwalifikaasjetrajekt foar de Olympyske Spelen.
It wettersportbûn draacht dêrom Van der Meer (23) en Bouwer (20) foar oan NOC*NSF foar olympyske dielname.
De Nacra 17 is in katamaran dy't wat oer it wetter hinne fljocht. Yn 2024 sil de boat foar de tredde kear brûkt wurde op de Olympyske Spelen. De boat is 5,25 meter lang en is bedoeld foar in bemanning fan twa.
Van der Meer en Brouwer stienen der al folle better foar as de oare Nederlânske duo's. Allinnich Willemijn Offerman en Scipio Houtman makken noch in teoretyske kâns om har yn de striid te mingen, mar sy einigen as tolfde yn Portugal. De Europeeske titel gong nei de Britten John Gimson en Anna Burnet.

Van der Meer en Brouwer einigen earder dit jier fjirde op it WK. Dan klinkt in tsiende plak op it EK net goed, mar de twa ha har ek net bot taret op dit toernoai. Nei it WK ha de twa in skoft rêst naam. Dêr ha se oant en mei de Spelen gjin tiid mear foar. Nei dy rêst ha se benammen traind yn Marseille, omdat dêr de olympyske sylraces holden wurde.
Dat hat net foar neat west, want troch de útslach fan it EK meie de twa har opmeitsje foar harren earste Olympyske Spelen. De olympyske wedstriden yn de Nacra 17 binne takom jier fan 3 oant en mei 7 augustus.