Sportcast: "Nicolaescu moat de kommende wedstriid fan Hearrenfean yn de basis"

Sportcast mei Sander de Vries © Omrop Fryslân

Sportklup Hearrenfean hat de opgeande line te pakken. De ploech spilet better en is opklommen nei it tsiende plak. Mar oft dêrmei it lek folslein boppe is, oft trainer Kees van Wonderen wis is fan syn plak op de bank en oft de play-offs dit seizoen wol helle wurde, is noch mar de fraach.

Foaral oer dat lêste is Sander de Vries noch net sa wis. De sjoernalist fan de Ljouwerter Krante sjocht ek dat it no better giet as it begjin fan it seizoen.

"Er zijn meer vastigheden en het voetbal is beter. Maar ze winnen nu van Heracles, waar iedereen van wint, en van VVV en van Vitesse. Ik vind het nog te vroeg om te stellen dat Heerenveen die play-offs wel gaat halen. Laten we niet vergeten dat ze al veel wedstrijden hebben verloren."

Van Amersfoort, Nicolaescu of Karlsbakk?

Tsjin Vitesse makke Pelle van Amersfoort de earste Hearrenfeangoal. Tsien minuten foar tiid kamen de oare spitsen op it fjild: Ion Nicolaescu en Daniel Karlsbakk.

Dy earste makke de 3-1. De Moldavyske spits sil no op paad mei syn lân foar twa EK-kwalifikaasjewedstriden. Al is it troch syn blessuere oan de búk noch net wis oft hy spylje sil.

It ropt wol wer de fraach op wa't der no yn de spits moat by Hearrenfean. Roelof de Vries: "Ik tink dat it no wol in goed momint is om tsjin Fortuna Sittard (oer twa wiken) ris te sizzen: besykje it ris mei Nicolaescu yn de basis, mits fit. Ik tink net dat Van Wonderen dêrfoar kieze sil, mar ik tink wol dat Nicolaescu úteinlik de bettere spits is."

Neffens Arjen de Boer betsjut dat dan wol dat Van Amersfoort syn basisplak kwytrekket. En dat tinkt Sander de Vries ek. "Want het middenveld staat nu met Haye, Olsson en Brouwers. Als-ie Olsson daar wel laat staan, tenminste."

Simon Olsson yn de wedstriid tsjin Vitesse © ANP

Dêrtroch ûntstiet fuort ek de diskusje oer Olsson op de linksbûten. De Sweed spile de lêste tiid opfallend goed op it middenfjild, mar Van Wonderen sette him tsjin Vitesse wer linksbûten. Dat hie dermei te krijen dat Osame Sahroui tsjin Vitesse net meidwaan koe.

Ek ferline jier spile Olsson faak as fleugeloanfaller. Sander de Vries: "Laat ik vooropstellen dat ik Van Wonderens uitleg wel begrijp: Olsson kan op meerdere posities uit de voeten, hij kan goed combineren met de jongens op zich heen en je zorgt voor een extra man op het middenveld. Maar het middenveld staat nu, Olsson staat nu eindelijk op zijn positie."

Cambuur: better en better

Foar it earst sûnt 1995 wûn SC Cambuur yn Den Haag fan ADO. Sportferslachjouwer Andor Faber wie ûnder de yndruk fan de dominânsje fan de Ljouwerters. "It fuotbal wurdt better en better."

Van Kaam liet syn man fierstente faak rinne, Van der Water wegere mei te rinnen. Dat binne saken dy't no feroare binne.
Sportferslachjouwer Andor Faber

Dat sjocht Sander de Vries ek. "Je ziet dat ze minder weggeven. Het zit ook niet tegen, maar ze dwingen het ook zelf af. Er ontstaat wel iets, dat kunnen we niet ontkennen. Er is een vonk overgeslagen naar de selectie."

Neffens Faber hat trainer Henk de Jong de dissipline oanlutsen. "Van Kaam liet syn man fierstente faak rinne, Van der Water wegere mei te rinnen. Dat binne saken dy't no feroare binne. No sjogge je elkenien wer meisprinten en efter de man oan rinnen."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.