Dúmke Op, Dúmke Del: Wat wol Aant Jelle Soepboer mei Fryslân?

Dúmke Op, Dúmke Del mei Aant Jelle Soepboer

Yn oanrin nei de Twadde Keamer-ferkiezingen fan 22 novimber freegje we Fryske politisy hoe't se tinke oer ferskate politike tema's. Yn dizze earste ôflevering fan Dúmke Op, Dúmke Del prate we mei Aant Jelle Soepboer fan Nieuw Sociaal Contract.

Yn Dúmke Op, Dúmke Del meie Fryske Keamerkandidaten fertelle wat se foar Fryslân betsjutte wolle. Yn de flitsronde leit ferslachjouwer Casper Slotboom in tal stellingen foar oan de kandidaat, dy't dêrnei mei presintator Eric Ennema djipper yngiet op ien fan dy stellingen.

Nei Soepboer komme Jouke Spoelstra (CDA), Tjeerd de Groot (D66), Habtamu de Hoop (PvdA/GrienLinks) en Mariska Rikkers (BBB) del.