Provinsje stiet achter olympysk reedriden yn Thialf

Deputearre Femke Wiersma © Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân docht der alles oan om it reedriden fan de Winterspelen yn 2030 organisearje te kinnen yn Thialf, as Switserlân dy Spelen binnen hellet. "Thialf is dêr tige geskikt foar", seit deputearre Femke Wiersma.

Switserlân hat sels gjin grutte reedrydhal en dêrom sjogge se Thialf as opsje. Ek Inzell yn Dútslân is in opsje. It Ynternasjonaal Olympysk Komitee beslút yn juny 2024 wa't de Spelen fan 2030 organisearje mei. Sweden en Frankryk ha har ek kandidaat steld as gastlannen.

"We wolle beslist dat de Spelen nei Thialf ta komme", seit Wiersma. De provinsje is oandielhâlder fan de hal. "Thialf stiet der goed foar. We ha begrepen dat de Spelen ek in duorsum karakter krije moatte. Duorsumens en topsport komme allegear byelkoar yn Thialf."

De organisaasje dy't de Olympyske Spelen yn 2030 nei Switserlân helje wol, wurdt yn jannewaris útnûge yn Thialf © Martin de Jong Fotografie

De Switserske organisaasje wurdt yn jannewaris útnûge om de EK ôfstannen yn Thialf te besjen. "Dan kinne se de sfear priuwe en sjen hoe goed oft alles hjir regele is", seit de deputearre.

Sûnt it dúdlik is dat Thialf in opsje is foar de Switsers, ha sawol de direksje fan de iishal, boargemaster Fokkens fan Hearrenfean en de Fryske PvdA en VVD posityf reagearre op it plan.