De stimbus foar de Fryske top 100 is iepen: net stinne, mar stimme!

© Omrop Fryslân

Wat is dyn favorite Frysktalige nûmer? Fan hjoed ôf kin elkenien wer in stim útbringe foar de Fryske top 100. Stimme op dyn favorite artyst kin oant en mei twadde krystdei fia www.frysketop100.nl.

Fanwegen de Fryske top 100 hat Omrop Fryslân dizze wike in spesjale aksje. Eltse dei meitsje minsken kans op in húskeamerkonsert fan in Fryske artyst. Griet Wiersma, De Hûnekop, Piter Wilkens, Iris Kroes, Marcel Smit, Grymtosk en Vocal Roses fersoargje de hiele wike yntime en smûke konserten yn de wenkeamer fan Friezen.

Opjaan foar dizze spesjale aksje kin hjir noch hieltyd.

Húskeamerkonsert Griet Wiersma © Omrop Fryslân

Ferline jier stie it nûmer 'Wy Kam Fram Fryslân' fan De Hûnekop en Oele Plop op it earste plak. It wie dêrmei ek fuortendaliks de heechste nije binnenkommer. It ferskil tusken de numers twa en trije wie mar in pear stimmen. 'In nije dei' fan De Kast bleau úteinlik 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra in pear stimmen foar.

Wa't it dit jier wurdt? Dat is folslein oan de minsken thús.

Der waarden yn 2022 totaal 56.440 stimmen útbrocht foar de list. Stimme kin ek dit jier wer oant en mei twadde krystdei, dan wurdt wer tradisjoneel de finale stimdei organisearre by Omrop Fryslân. Eltse fyftichste stimmer makket ek nochris kâns op de unike Omrop Fryslân-mûtse.

Folgje de lansearwike op radio, telefyzje en online

De húskeamerkonserten fan de Fryske top 100 binne de hiele wike live te folgjen yn de radioprogramma's Fryslân fan 'e moarn, No derfoar!, Goeiemiddei! en Underweis. Ek te sjen fia visual radio op telefyzje. Jûns fan 17.45 oere ôf is der ek in kompilaasje fan de dei te sjen op telefyzje.