Hoe't in lytse klep hûnderten Friezen in libbenskâns jûn hat

Sa sit de klep yn it hert © Omrop Fryslân

Hûnderten Friezen ha in langer libben krigen troch it pleatsen fan in hertklep fia de ljisk. Sikehûs MCL fan Ljouwert wie 15 jier lyn it earste sikehûs yn Noard-Nederlân dat dermei wurkje mocht. Dat fiere se dizze wike mei in sympoasium.

It pleatsen fan in hertklep fia de ljisk bestiet noch net sa lang. Yn 2002 waard de yngreep foar it earst útfierd yn Frankryk, trije jier letter yn Nederlân. It giet om minsken boppe de 80 of minsken mei oare sykten.

De operaasje is nedich as de aortaklep fernaud is. Meastentiids om't dy swier ferkalke is. By de operaasje wurdt meastentiids fia de ljisk in kateter ynbrocht mei in ballon dy't opblaasd wurdt op it plak fan de âlde klep. Fia deselde kateter wurdt in nije klep, de Transcatheter Aortic Valve Implantation (TAVI), oanbrocht dy't 'm dêr fêstset.

By sikehûs MCL ha se fan it earste momint ôf yn de rige stien, seit yntervinsjekardiolooch Sjoerd Hofma. "Der wiene mar fiif sintra yn Nederlân dy't sa'n yngreep útfiere koene. Dy sieten allegear yn it suden. Wy woenen dat ek graach dwaan, want wêrom moat in Fries dêr hielendal hinne ride?"

Hoe't in lytse klep hûnderten Friezen in libbenskâns jûn hat

Se krigen it foar inoar en sûnt 2008 is Hofma ien fan de earste dokters dy't dermei oan de slach gie. Der wie fuort in effekt. Koe dizze groep earst net operearre wurde en wie it wachtsjen op de dea, no krigen se in kâns.

"Rondom de ingreep zelf is er een overlijdensrisico van 1 à 2 procent", seit Hofma syn kollega Tessel Vossenberg. "Als we kijken naar de lange termijn, dan leeft na twee jaar rond de 80 procent nog. Waar je eerder aan symptoombestrijding deed, kun je nu mensen helpen."

Yntervinsje kardiologen Sjoerd Hofma (links) en Tessel Vossenberg (rjochts) © Omrop Fryslân

De technyk is ûntwikkele foar minsken mei in heech risiko. Troch ferbetterings wurdt it no ek foar oaren nijsgjirrich, seit Vossenberg: "De techniek is zo goed geworden dat nu ook bij mensen met een laag risico de voorkeur uitgaat naar deze techniek in plaats van een openhartoperatie."

Nei twa dagen wer thús

Dat hat benammen te krijen mei de ympakt op it lichem. By in iepenhertoperaasje wurdt de hiele boarstkas iepen makke. "Dan ben je zes weken aan het herstellen, omdat je borstbeen losgezaagd is. Voordat je weer op het oude niveau bent ben je een jaar, anderhalf jaar verder."

Har kollega Hofma follet oan: "Wy dogge dizze operaasje altyd op woansdei en op freed kinne de measten wer nei hûs."

In hertklep sa't dy yn it hert pleatst wurdt © Omrop Fryslân

By it sympoasium wolle Vossenberg en Hofma stilstean by de takomst. Hofma: "Yn oare lannen is de leeftiidsgrins foar sa'n behanneling al omleech gien. It Europeask advys is no 70-plus. Dat hinget hjir noch."

Dat hat, leit Vossenberg út, benammen te krijen mei de brûkte technyk. "Die is nog jong. We weten nog niet hoelang zo'n klep het houdt. Daar krijgen we wel steeds meer data van en dat ziet er goed uit."

De behanneling sels kin ek noch better, seit Hofma: "Hoe tinner de kateters, hoe minder kâns op skea yn de ieren. Dat jildt ek foar de kleppen sels. At se better passe binne der minder komplikaasjes."