Fryske Akademy presintearret rymwurdboek Frysk foar 'helpsinteklazen en hobbyrappers'

Pieter Zijlstra by de presintaasje fan it rymwurdboek © Omrop Fryslân

Dichtsje en rappe yn it Frysk makliker meitsje. Dat is it doel fan it rymwurdboek fan de Fryske Akademy. It rymwurdboek stiet online op Frysker.nl en is fergees tagonklik foar alle helpsinteklazen, hobbyrappers en oare dichters.

It nije digitale skriuwark waard sneintemiddei presintearre yn Neushoarn yn Ljouwert. Kollumnist en rapper Pieter Zijlstra frege de Akademy yn maart om sa'n rymwurdboek te meitsjen. Hy is tige te sprekken oer it rymwurdboek dat der no is. Neffens him wurket it as in trein. "Do kinst in Frysk wurd yntype en do krijst in rychje moaie rymwurden foar elts gedicht datst mar skriuwe wolst."

It rymwurdboek is hjir te finen op de webside Frysker.nl

Yn it rymwurdboek steane mear as 700.000 wurden. Neffens Zijlstra is it rymwurdboek ek hiel handich foar Fryske rappers lykas hysels. "Do krijst soms rymwurden dêr'tst hielendal net oan tocht hiest. Do kinst der echt better fan wurde by it skriuwen fan Fryske rym en do kinst ek nije Fryske wurden opdwaan."

Utdaging

Eduard Drenth fan de Fryske Akademy neamt it meitsjen fan it rymwurdboek yn 8 moanne tiid 'in útdaging'. "It idee wie dat it op tiid klear wêze moast foar alle helpsinteklazen en dat is slagge." Om te bepalen oft de wurden yn de database ek echt rymje, hat de Fryske Akademy gebrûk makke fan keunstmjittige yntelliginsje.

It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy't rymje. Mei de tiid hopet de Akademy it rymwurdboek noch fierder út te wreidzjen mei foarmen fan healrym en mear omtinken foar it ferskaat fan regionale útspraken.