Trainer De Jong genietet fan Cambuur yn wedstriid tsjin ADO: "It wie hartstikke goed"

Henk de Jong drok coachend yn Den Haag © Orange Pictures

It wie 28 jier lyn sûnt SC Cambuur foar it lêst in wedstriid yn Den Haag fan ADO wûn, mar snein wie it lang om let wer raak. De Ljouwerters wûnen mei 1-2 en dogge no wer mei boppe-yn de Keuken Kampioen Divisie.

Trainer Henk de Jong is bliid mei de prestaasje fan syn klup. "Ik fûn it hartstikke goed. Sy krigen der gjin druk op en wy makken in wrâldgoal."

'Tsjin tsien man moat it better'

Nei in reade kaart fan Silvinho Esajas fan ADO krigen de Ljouwerters it dochs noch dreech. "Tsjin tsien man moatte we it better útspylje. Mei harren fysike krêft hienen we it dochs noch lestich", jout De Jong ta.

Hy wol dêrom traine op situaasjes wêryn't se in mantsje mear hawwe as de tsjinpartij. "No hawwe we keazen foar 'alle hens aan dek'. It giet wol om trije punten.

Henk de Jong hat genoaten fan syn ploech

Bûten de problemen nei de reade kaart spile Cambuur in hiele sterke wedstriid. Neffens De Jong past dat yn de opgeande line dy't al in skoft lyn ynset is. "Wat ik sjoch op trainings, is unyk. We sille ek noch wol wedstriden ferlieze. Mar hoe't dy jonges traine is in 'lust foar it each'."

Bettere prestaasjes

Feit is dat de prestaasjes fan Cambuur sûnt de oanstelling fan De Jong en it fuortgean fan de eardere trainer, Sjors Ultee, better wurden binne. De Jong bliuwt der beskieden ûnder.

"Ik doch gewoan myn wurk. Dat kin ik dwaan by in klup dêr't ik fan eltsenien stipe ha. Ik hoech net benaud te wêzen dat se raar tsjin my dogge as we ris ferlieze. Dan kinst frijút wurkje en de jonges oertsjûgje fan wat we kinne en hoe't we spylje wolle."

Uldrikis is los

Ien fan de doelpuntemakkers snein wie Roberts Uldrikis. De Let stie lang drûch, mar begjint no mear en mear te skoaren. "Het was een hele goede bal van Sekou (Sylla, red.). Ik stond op de juiste plek", seit Uldrikis yn it Nederlânsk.

Dat hy no echt los is, makket him bliid. "Ik heb er hard voor gewerkt. Nu komt het eruit, zeker ook dankzij mijn coach en mijn ploeggenoten. Ik ben heel blij voor Cambuur, voor iedereen."

Roberts Uldrikis skoarde ek yn Den Haag

Mar krekt no't Uldrikis yn foarm begjint te reitsjen, moat hy de wedstriid tsjin nûmer twa Roda JC oerslaan. Hy is oproppen foar de Letske nasjonale ploech. "Dat is jammer voor mij en voor ons team. Maar ik hoop dat we drie punten kunnen pakken en zes punten met mijn nationale team."

Fedde de Jong der wol by

Fedde de Jong is der wol by tsjin Roda. Hy is net oproppen foar Jong Oranje. "Dat is altijd balen. Je wilt uitkomen voor je land. Maar we hebben zondag ook een heel belangrijk potje, dus ik ben wel blij dat ik dan mee kan doen."

Ek De Jong wie snein trefseker. "We hebben dit getraind. Ik kreeg de bal perfect van Daniël (Van Kaam, red.). Ik bleef rustig, ging om de keeper heen, hield nog even in, want er kwam een verdediger aan, en schoot hem zo binnen."

Fedde de Jong skoarde tsjin ADO

"Ik heb nu twee wedstrijden op rij gescoord", seit De Jong. "Die lijn moet ik doortrekken, dan kunnen we nog mooie dingen beleven."