Cambuur is ek te sterk foar ADO en set oerwinningsrige troch

SC Cambuur hat ek de op papier drege útwedstriid tsjin ADO Den Haag wûn (1-2). De Ljouwerters winne sa foar de fjirde kear op rige yn de Keuken Kampioen Divisie.
By Cambuur wie Remco Balk werom fan in skorsing. Hy ferfong foaryn Wiebe Kooistra. Marco Tol wie noch net hielendal fit, nei't er ferline wike siik wie. Floris Smand stie dêrom yn de basis.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Smand, Bergsma, Sylla; Van Kaam, Breij, De Jong; Balk, Uldrikis en Smit.
De wedstriid begûn kalm: der wie net in soad driging foar beide doelen. Pas nei 24 minuten wie der in earste goede kâns. Nei in scrimmage foar de Cambuurgoal krige ADO de bal net oer de doelline. Uteinlik koe Sekou Sylla de bal fuorthelje.
Oan de oare kant wie Balk gefaarlik. Hy omspile sels doelman Kilian Nikiema, mar krige de bal net tusken de peallen.
De Jong iepenet de skoare
Nei 37 minuten wie it wol raak: nei in stekpass fan Daniël van Kaam kaam Fedde de Jong allinnich foar Nikiema. De Jong gie dêr foarby en skeat koel raak: 0-1.

Sa einige de earste helte goed foar de Ljouwerters, mar it begjin fan de twadde helte wie sa mooglik noch better: yn de 47e minút joech Sylla de bal foar op Uldrikis, dy't fan tichteby de bal yn de goal tikke: 0-2.
Cambuur fierder mei in man mear
ADO moast wat mear druk nei foaren sette, mar de ploech slagge der net yn om it Cambuur echt dreech te meitsjen. En doe't Silvinho Esajas in reade kaart pakte nei in oertrêding op Van Kaam wie de spanning wol út de wedstriid. Foar Esajas wie it trouwens mar in koarte wedstriid: hy stie nei in ynfalbeurt noch mar fiif minuten op it fjild.

Uldrikis hie noch in grutte kâns op de 0-3, mar hy krige de bal net op goal nei in foarset fan Balk.
Veerman skoart wer tsjin Cambuur
Fiif minuten foar de ein fan de wedstriid wie de spanning dochs ynienen werom. ADO krige in strafskop nei in oertrêding fan Jeremy van Mullem op Gylermo Siereveld. Ald-Hearrenfeanspiler Henk Veerman stie efter de bal en skeat koel raak: 1-2. It wie syn sechsde goal yn sân wedstriden tsjin Cambuur.
ADO spile doe alles of neat en Siereveld wie noch tichteby de lykmakker, mar Cambuur-doelman Yanick van Osch soarge derfoar dat de Ljouwerters de wedstriid oer de streek lutsen.
Troch de oerwinning hat Cambuur 23 punten út 14 wedstriden. De ploech fan trainer Henk de Jong stiet dêrmei op it sechsde plak.