Liveblog | 12 novimber 2023

112-nijs 12 novimber: Twa auto's botse yn Frjentsjer | Mooglik ûntploffingen yn Dronryp

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 12 novimber 2023, 20:44
20:44

Mooglik ûntploffingen yn Dronryp

Der hawwe sneontemoarn mooglik meardere ûntploffingen west oan de Puoldyk yn Dronryp. Dêrby is nimmen ferwûne rekke, mar it hat wol skea oan in hûs feroarsake.

De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is en ropt minsken dy't wat sjoen ha op om harren te melden.

17:03

15-jierrigen mei boksbûgel oer strjitte

Twa 15-jierrige Ljouwerters binne freedtejûn yn Dokkum oanholden op fertinking fan wapenbesit. De twa gedroegen harren fertocht en dêrom waarden se steande holden.

By de kontrôle die bliken dat de jonges bivakmûtsen, in boksbûgel en in mobyl pinapparaat by harren hienen. It guod is yn beslach naam. De jonges binne opsluten yn in sellekompleks.

16:57

Bysûndere blaastest yn Kollum

Wykaginten út Kollum seagen yn de nacht fan sneon op snein in auto midden op de dyk stean op in yndustryterrein.

Doe't se oankamen by de auto, seagen se dat der in man mei in toeter, it muzykynstrumint, yn de auto siet.

De man sei dat er it ynstrumint noch mar krekt bespile en dat er it pas oan syn húsgenoaten hearre litte woe as er sels wat spylje koe.

De wykaginten konstatearren by dizze bysûndere blaastest dat de man in protte selskennis hat.

14:44

Twa auto's botse yn Frjentsjer

Twa auto's binne sneintemiddei mei elkoar yn botsing kaam op de krusing fan de A31 mei de N384. Ien fan de auto's kaam yn de berm ta stilstân. In ynsitter is oerbrocht nei it sikehûs. In berger sil de auto's fuortslepe.

© CAMJO Media
13:41

Plysje hâldt fertochte oan foar stekynsidint Ljouwert

Helptsjinsten by it stasjon yn Ljouwert © Kappers Media

De plysje hat sneon in 26-jierrige man út Drachten oanhâlden fanwege in stekynsidint yn Ljouwert. De fertochte sit fêst en wurdt ferhoard.

De stekkerij wie sneontemoarn yn de omjouwing fan de Prins Hendrikstraat en net, sa as earder meld waard, by it stasjon fan Ljouwert. In man rekke dêrby ferwûne, hy waard foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs.

13:18

Huzen bekladde yn Strobos en Boelensloane

In wenning oan de Zw. Kooistraat yn Strobos en in hûs oan de Parksterreed yn Boelensloane binne bekladde mei polityk tinte teksten. De twa ynsidinten wurde ûndersocht troch de plysje yn Noardeast-Fryslân. De plysje hat buertûndersyk dien en besjoen oft der kamerabylden binne.

It bekladzjen soe tongersdei 9 novimber tusken 03.00 en 09.30 oere bard wêze. Minsken dy't wat sjoen ha of mear witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.