Hearrenfean fynt oansluting by middenmoat nei oerwinning op Vitesse

Grutte bliidskip by Ché Nunnely © ANP

Sportklup Hearrenfean hat himsels wat mear lucht op de ranglist jûn troch mei 1-3 te winnen by Vitesse. Maklik gie it net, mar nei in reade kaart foar Vitesse-middenfjilder Marco van Ginkel lutsen de Friezen de oerwinning oer de streek.

Trainer Kees van Wonderen moast flink puzelje, want bûtenspilers Patrik Wålemark en Osame Sahraoui wienen der troch blessueres net by. Dêrom bestie de oanfal út Ché Nunnely, Pelle van Amersfoort en Simon Olsson. Op it middenfjild kaam der dêrtroch in plakje frij foar Anas Tahiri.

Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Brouwers, Tahiri; Nunnely, Van Amersfoort en Olsson.

De wedstriid wie noch gjin trije minuten âld of Hearrenfean stie al op efterstân. Marco van Ginkel lei de bal klear foar Million Manhoef en dy helle bikkelhurd út bûten berik fan doelman Andries Noppert: 1-0.

It doelpunt wie in seldsum hichtepunt yn in strieminne begjinfaze. By Hearrenfean kaam suver gjin bal oan. Ek Vitesse liet hast neat sjen, mar mei de foarsprong yn de bûse, makke dat harren neat út.

Hearrenfean wie oeral te let yn de begjinfaze © Orange Pictures

Nei 25 minuten wie it ynienen dochs 1-1. Nunnely ûntsnapte oan de rjochterkant fan it fjild oan syn tsjinstanner en joech de bal perfekt foar op Van Amersfoort, dy't allinnich mar tsjin de bal hoegde te rinnen.

Hearrenfean kaam nei de goal wat better yn it spul, mar it bleau in wedstriid fan matige kwaliteit. Nei 34 minuten besocht rjochtsback Oliver Braude it mar ris fan ôfstân: krekt njonken.

Ché Nunnely kaam stadichoan better yn it spul © ANP

Nei 43 minuten hie it raak wêze moatten: Mats Köhlert waard de djipte yn stjoerd en lei de bal werom op Olsson, dy't op de hichte fan de penaltystip hielendal frij stie. Vitessedoelman Eloy Room hold de bal mei in hiele goede refleks út de goal.

Hearrenfean waard no echt sterker en Vitesse hie it hieltyd dreger om oerein te bliuwen. Sa wie Sven van Beek nei in hoekskop tichteby in doelpunt mei in pleatst skot, mar opnij hie Room in antwurd.

Read Van Ginkel

Hearrenfean begûn sterk oan de twadde helte. Luuk Brouwers krige yn de earste fiif minuten twa kear in goede kâns op in doelpunt, mar de earste kear brocht Room rêding en de twadde kear skeat er yn it sydnet.

Nei it stoarmeftige begjin fan Hearrenfean ûntstie der wat mear lykwicht. It duel koe beide kanten op. Hearrenfean hie lykwols ien grut foardiel: it spile nei 70 minuten mei in spiler mear. Vitesse-middenfjilder Van Ginkel krige nammentlik read nei't er ûngelokkich op de hakke fan Braude stien gie. Dêr koe hy net safolle oan dwaan, mar in oertrêding wie it fansels wol.

Skiedsrjochter Van de Graaf jout read oan Van Ginkel © ANP

De earste kâns nei de reade kaart wie ferrassend genôch foar Vitesse. Melle Meulensteen krige de bal op de râne fan it strafskopgebiet en skeat mar krekt njonken.

Tahiri benut strafskop

In kertier foar de ein fan de wedstriid krige Hearrenfean dé kâns om op foarsprong te kommen. De Friezen krigen in strafskop nei in oertrêding fan Melle Meulensteen op Luuk Brouwers. Tahiri bleau koel fan de stip ôf: 1-2.

Tahiri fiert syn doelpunt © Orange Pictures

Mar Hearrenfean wie der noch net. Kacper Kozlowski joech in warskôging mei in goed skot nei in ôffallende hoekskop. Noppert stie lykwols op it goede plak om de ynset ûnder de latte wei te tikjen.

Nei 85 minuten foel de beslissing. Pawel Bochniewicz kopte de bal nei in frije traap troch by ynfaller Ion Nicolaescu en út de draai skeat hy de bal binnen: 1-3.

Troch de oerwinning hat Hearrenfean no 13 punten. Dêrmei stiet de ploech foarearst tsiende.