Lampion yn 'e hân, snobbersguod yn 'e tas! Wêrom fiere we eins Sint-Marten?

© ANP

In tradysje fan sjongen, swiet en ljochtsjes. Mei Sint-Marten gean de bern fan doar nei doar. Yn de iene hân in selsmakke lampion, yn de oare in tas foar de bros en lolly's. Wêr komt dizze tradysje dochs wei?

As 11 novimber tichterby komt, giet op in soad basisskoallen de skjirre yn it papier. Want: Sint-Marten. Wêrom't bern mei in ljochtjaande ûle op 'en paad gean, sil foar in soad miskien net dúdlik wêze. Dêrom in skiednisleske oan 'e hân fan fjouwer fragen.

1. Wa wie Sint-Marten?

11 novimber is de dei... dat Sint Marten yn syn kiste lei. Ja, op de datum dat bern oanbelje foar snobbersguod, waard Maarten van Tours beïerdige. Letter yn syn libben soene minsken him kenne as Sint Marten: de man nei wa't de feestdei ferneamd is.

Dizze Hongaar libbe tusken 316 en 397 en wie militêr yn it Romeinske leger. Yn 1371 waard er biskop fan de stêd Tours. Dêrom syn eardere namme.

Ofskuorde mantel

Sint Marten wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it katolisisme yn it eardere Gallië. Dit wie in gebiet dat oerienkaam mei it hjoeddeiske Frankryk, België, Switserlân en grutte parten fan Nederlân en Dútslân.

Op in jûne gie er op't hynder troch de Frânske stêd Amiens en trof dêr in bidler. Triljend fan 'e kjeld seach dy smeekjend nei Sint Marten. Jild hie er net by him foar de earme man.

Wol besleat de edelmoedige Maarten om de helte fan syn soldatemantel ôf te snijen en it te jaan oan 'e bidler. Dizze hanneling is geregeld ôfbylde yn de skilder- en byldzjende keunst. Maarten dreamde dêrnei dat Jezus dizze mantel droech, en bekearde him ta it leauwe.

Reliëf fan biskop Maarten van Tours of Sint-Marten yn it Dútske Emmerik aan de Rijn © ANP

Marten waard populêr by de earmen en krige er in soad folgelingen. Hy waard sjoen as nije biskop. Sels woe er dêr lykwols neat fan witte: hy achte himsels net weardich genôch. Neffens de oerlevering ferstoppe er him foar syn oanhingers yn in guozzehok. Troch it lûd fan de bisten wisten se him lykwols dochs te finen, wêrnei't hy der net mear ûnderút koe. Sa waard Marten dochs biskop. Yn dy funksje sette er him yn foar de fersprieding fan it kristendom.

Fanwegen syn treflik libben en de wûnders dy't him taskreaun waarden, waard er postúm hillich ferklearre.

2. Wêrom fiere wy Sint Marten?

Je soene sizze: as hommaazje oan Sint Marten, op de dei dat er begroeven waard. Dochs binne der mear teoryen. Sa waarden eartiids op 11 novimber biddel- en winterfeesten holden. Earmen giene fan doar ta doar foar wat 'ekstra's', lykas bôle en sûkerbiten.

Sint-Marten yn 1982 © ANP

Ek giet it ferhaal dat de katolike tsjerke it Sint-Martenfeest yn it libben rôp. De tekst fan Mattheüs 5:14-16 soe hjiroan te'n grûnslach lizze: 'Niemand steekt een lamp aan en zet die in de kelder of onder de korenmaat, maar op de standaard, opdat wie binnentreden het licht zien'. Dit soe as ynspiraasje tsjinne hawwe foar de lampionnen.

Sykje nei Sint Marten

Yn it Frânske Duinkerke tinke se der oars oer. It meinimmen fan lampionnen soe neffens dizze bewenners in oare oarsprong hawwe. Nei't sein wurdt, libbe Sint Marten in skoft yn Duinkerke. Dêr preke er en soarge der foar de earmen en de siken.

Op in moarn kaam Sint Marten net werom. Bewenners besleaten him te sykjen yn de dunen. Se swaaiden mei ljochtsjes, yn 'e hope dat er se sjen soe. Nei in skoft fûnen se him werom. Om dy rêdingsaksje te betinken soe alle jierren mei lampkes by de doarren del gien wurde.

3. Binne de ferskes oeral itselde?

Falsk of net: gjin Sint-Marten sûnder ferskes. It karakter fan de nûmers is yn de rin fan de tiid feroare. Sa giene de alderâldste ferskes benammen oer de hillige Sint Marten. Tsjintwurdich binne se humoristysker of sels licht spottend fan aard. 'Sint Martinus mikmak, je moeder is een dikzak...'

De deuntsjes binne faak itselde en lykje op dy fan Twee emmertjes water halen en Sinterklaas kapoentje. Typyske folkswyskes. Guon ferskes binne oeral yn it lân itselde. By oare is der hjir en dêr in regel feroare, of ombûgd ta in regionale ferzje.

Fryske bern sjonge ûnder oaren:

Alve novimber
Alve novimber is de dei,
dat myn ljochtsje,
dat myn ljochtsje.
Alve novimber is de dei,
dat myn ljochtsje skine mei!

En..

Sint Marten
Wy rinne mei ús ljochtsje
nei alle hûzen ta.
En wolle graach wat lekkers
yn' e bûse ha.

It mei fan alles wêze
fruit en drop en sa.
Wy geane dan wer fierder
en sjonge tra la la.

4. Wêr wurdt it fierd?

Fryslân is ien fan de provinsjes dêr't Sint-Marten it meast fierd wurdt. Ek yn Grinslân, Drinte, Limboarch, Noard-Brabân en parten fan Noard-Hollân lûke grutte groepen bern by de doarren del. Wylst it feest yn Súd-Hollân, Seelân, Gelderlân, Flevolân en parten fan Oerisel folle minder bekendheid genietet. Behalve yn Nederlân fiere se Sint-Marten ek yn Frankryk, België en Dútslân.

Sint-Marten yn Beetstersweach © ANP

Dat yn ús lân net oeral op 11 novimber lampionnen te sjen binne, komt ûnder mear troch de religieuze oarsprong fan it feest. Sint-Marten wurdt ommers keppele oan it katolisisme. Yn it ferpyldere Nederlân stie dêrom net elkenien te wachtsjen op dizze fiering. Seker de protestanten lieten dizze dei graach oan har foarbygean.

Ek yn Fryslân is dat lêste noch te fernimmen. Yn doarpen dêr't benammen protestanten wenje, is it mei Sint-Marten stil op strjitte. Al is dat mear útsûndering as regel. Tsjintwurdich keppelje noch mar in bytsje minsken it feest oan religy.

En bern dogge dat al hielendal net. Har iennichste soarch is om mei in folle tas thús te kommen en om dêr de swiete fangst op 'e tafel te kiperjen. Sint Marten soe it fêst goed fine.