Femke Kok debutearret op nij reedrydûnderdiel: wat is de mingde ôflossing?

Yn 2020 waard yn Thialf al eksperimentearre mei de mingde ôflossing © Orange Pictures

It is yn it shorttrack al fiif jier gebrûklik, mar no docht de mingde ôflossing ek syn yntree yn it langebaanriden. It ûnderdiel stiet snein by de earste wrâldbekerwedstriid op it programma en Femke Kok hat de primeur.

Kok rydt de mingde ôflossing yn it Japanske Obihiro mei Wesly Dijs. As regearjend wrâldkampioene op de 500 meter is Kok in pure sprinter. Dijs is in spesjalist op de middellange ôfstannen: de 1.000 en 1.500 meter.

De mingde ôflossing wurdt dit seizoen noch ien kear riden, by de fiifde wrâldbeker yn Salt Lake City.

Wat is de mingde ôflossing?

In ûnderdiel dêr't fjouwer teams tagelyk by op it iis steane, is yn it langebaanriden noch net earder fertoand. Elts team bestiet út ien man en ien frou. Se ride yn totaal seis rûntsjes. De froulike rydster docht de start en de fjirde en fiifde ronde en de manlike rider de twadde, tredde en lêste ronde. Wikselje wurdt dien troch elkoar oan te reitsjen. Dat kin oantikje wêze, mar triuwe mei ek.

Der is op ien fan de twa rjochte stikken in sône fan 50 meter dêr't de reedriders yn wikselje moatte. Dat jildt foar alle fjouwer teams.

De yntroduksje fan de mingde ôflossing past yn it stribjen fan it ynternasjonale reedrydbûn ISU om de sport oantrekliker te meitsjen. Wylst shorttrack hieltyd populêrder wurdt, wrakselet it langebaanriden mear en mear mei it imago fan saaiheid en en âlderwetskens.

Dit seizoen sil de mingde ôflossing riden wurde by twa wrâldbekers © Orange Pictures

Mar hoe sjogge reedriders der sels tsjin oan? Ald-reedrider Douwe de Vries, dy sûnt 2019 yn de atletekommisje fan de ISU sit, lit der graach syn ljocht oer skine.

Wêrom begjint de ISU mei in mingde ôflossing yn it langebaanriden?

De Vries: "Sjochst in trend yn in soad sporten dat der hieltyd mear 'mixed gender'-ûnderdielen yntrodusearre wurde. It IOC (International Olympic Committee, red.) hat dêr hiel goeie ûnderfinings mei. Se sjogge yn alle sporten hoe't dat oanslacht en wat de fans derfan fine. Se sizze dat se dêr hiel goeie resultaten by sjogge."

"Dêrtroch sizze se tsjin alle ferskillende sportbûnen dat se dêr har foardiel mei dwaan kinne. It is in kâns om wat nijs te besykjen. Stilstean is efterútgong en ek yn de topsport moatst sykje nei nije mooglikheden om mear fans te binen."

It langebaanriden is dochs populêr? Wêrom moatte je dan fernije?

De Vries: "Sa sjogge we dernei mei de Nederlânske bril, mar ynternasjonaal is it echt oars. Dêr hinget it langebaanriden krekt as it shorttrack echt wol oan it keunstriden fêst. Dat is ynternasjonaal folle grutter as de oare sporten. It langebaanriden moat syn bêst dwaan om grut genôch te bliuwen. We moatte wol ynnovearje. Elts bedriuw dat syn produkten ferkeapet en neat nijs ûntwikkelet, hâldt úteinlik op te bestean."

Douwe de Vries © ANP

Hoe sjogge de reedriders hjir sels nei?

De Vries: "Yn Nederlân binne we hiel goed yn wat we no dogge, dus steane we minder te popeljen om nije ûnderdielen te probearjen. Dat konservatisme wat yn de sport sit, is ek begryplik, mar je moatte mei de tiid mei."

Hoe revolúsjonêr is it yn it reedriden, dat manlju en froulju mei-inoar op it iis steane?

De Vries: "Se hawwe de mingde ôflossing by de junioaren úttest, mar it is wol wat nijs. Ik ha der nul ûnderfining mei, dus foar my is it ek ôfwachtsjen hoe aardich oft it is om nei te sjen."

Is it net gefaarlik, mei acht reedriders tagelyk yn de baan en mei mar ien lytse wikselsône?

De Vries: "It is de fraach hoe't dat rinne sil. Se hawwe it dus by de junioaren test, dus it komt net hielendal út de loft fallen. Mar der sil best noch wol wat skaafd wurde moatte. Miskien komme we der ek wol efter dat it net op in feilige manier kin. Dan hâldt it op. Sûnder risiko kinne je ek net ûndernimme."

Mar dat moat dochs op foarhân dúdlik wêze?

De Vries: "Dat moat test wurde yn de praktyk. Kinst sizze: der is kâns dat der ien ferwûne rekket, dus dat dogge we net. Mar der is altyd kâns dat ien ferwûne rekket, watst ek dochst. No moatst sjen oft de kâns akseptabel is. By de junioaren wie dat it, mar by de senioaren sit der mear snelheid by. Dus wat docht dat? Dat kinst allinnich mar by de top útteste om der wat fan sizze te kinnen."

Femke Kok debutearret snein op de mingde ôflossing © ANP

Hoe wichtich wurdt de mingde ôflossing? Is der kâns dat it olympysk wurdt?

De Vries: "Shorttrack is in moai foarbyld. Om't se dêr noch net in hoop medaljes hiene op de Olympyske Spelen, is de mingde ôflossing derby set. Dat is oars yn it langebaanriden. Dus dêr sjocht it der net nei út dat it olympysk wurde sil, mar sis noait noait. As dit mega oanslacht, kin it ek olympysk wurde."

Der komme hieltyd mear teamûnderdielen. In ploege-efterfolging, massastart, teamsprint en no dit. Dogge de ôfstannen der noch wol ta foar de ISU?

De Vries: "Ja, de ôfstannen binne noch altyd super belangryk. Dat stiet 'buiten kijf'. Mar je moatte de eagen ek net slute. Der binne genôch sporten dêr't saken yntrodusearre binne, dy't suksesfol binne. Dan bist net tûk ast dêr as sport net yn meigiest."