Liveblog | 11 novimber 2023

112-nijs 11 novimber: Wetter bliuwt stean yn polders | Spûkrider by Ljouwert-East

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 11 novimber 2023, 14:38
14:38

Wetterskip fiert minder wetter ôf

© CAMJO Media

It Wetterskip fiert minder wetter ôf yn guon polders. Dat dogge sy om't de wetterstân yn de marren, kanalen en fearten yn Fryslân al heech is.

Gemalen draaie dus net oeral folop, sa kin de wetterstân yn poldersleatten oprinne.

It Woudagemaal yn Lemmer wie woansdei op stand-by set mar is troch de oanhâldende rein in dei letter wer oanset om it wetterpeil op in akseptabel nivo te krijen.

De hege wetterstân bringt ek problemen mei foar boeren. Gewaaksen as sûkerbiten en woartels kinne dreech rispe wurde om't swiere masines fuortsakje.

07:30

Man ferwûne rekke by mooglik stekynsidint yn Ljouwert

By it stasjon fan Ljouwert is sneontemoarn in man ferwûne rekke. Helptsjinsten krigen om 7.30 oere hinne in melding oer in stekynsidint.

Ambulânsepersoniel hat de man earst op it plak sels behannele. Dêrnei is it slachtoffer mei spoed nei it sikehûs brocht. De plysje siket mei meardere ploegen yn de omjouwing nei in eventuele dieder.

Helptsjinsten by it stasjon yn Ljouwert © Kappers Media