Rop om Lelyline is grut bij Noardlik ûndernimmersdebat yn Drachten

De kandidaten by it Noardlik wurkjouwersdebat © Omrop Fryslân

As je it oan ûndernimmers fan Fryslân, Grinslân en Drinte freegje, leit de Lelyline der moarn al. It ferlet fan berikberens kaam bot nei foaren by in debat mei noardlike kandidaten oer ûndernimmerskip.

"Het was een goed inhoudelijk debat", seit Agnes Mulder. De âld-politika is no direkteur fan it VNO/NCW MKB Noord. Sy woe graach Noardlike Keamerkandidaten byinoar hawwe mei in debat by Philips yn Drachten. "En we hebben die toekomstige Kamerleden beter leren kennen vandaag."

Wurkjouwersorganisaasjes mochten stellingen ynbringe, dêr't de kandidaten oer debattearren. "Wat ook wel mooi was om te zien, is dat ze over en weer aanknopingspunten hadden", seit Mulder, "Ik denk ook dat we het niet redden met tegenstellingen."

It debat by Philips yn Drachten © Omrop Fryslân

In grut punt fan omtinken wie de Lelyline. Wurkjouwers sjogge graach dat dy der komt. As it oan harren leit, leit it spoar der moarn al.

Aant-Jelle Soepboer fan NSC begrypt dat, mar is wol kritysk: "As je sa'n line oanlizze wolle, moatte je ek sjen nei de maatskiplike kosten en baten. Wy binne derfoar, mar der moat goed sjoen wurde hoe't de line der komt en wêr."

Subsydzjes foar ferduorsuming

Wat Robin Twickler fan Volt oanbelanget is de rop om de Lelyline goed nijs: "De Lelylijn is al zo vaak beloofd. We moeten het direct invoeren en direct doortrekken naar Bremen."

Dochs duorret it noch in skoft foardat de Lelyline der leit. Dus wol Twickler dat der oerlein wurdt oer aksje op de koarte termyn: "Wat wel kan is verduurzamen, en daar moeten we subsidies voor bieden."

Ik merk dat de Kamerleden er zin in hebben.
Agnes Mulder, direkteur fan VNO/NCW MKB Noord

De VVD hat de ôfrûne jierren oan de macht west. Steatssekretaris en kandidaat Aukje de Vries hopet dat se de soargen dy't de ôfrûne jierren ûntstien binne fuortnimme kin: "Ik tink dat it hiel wichtich is dat wy goed harkje nei de minsken yn de provinsje en prate mei de ûndernimmers. Der moatte bygelyks in soad wenten boud wurde. Dat kinne wy net allinnich as oerheid."

'Iets moois van maken'

Mulder hopet dat de politisy harren wurden wier meitsjen: "Laten we die Kamerleden die we vandaag hebben gezien oproepen ons hierbij te helpen in Den Haag, om dit ook waar te maken. Uiteindelijk hebben we elkaar allemaal nodig: van het bedrijfsleven tot de politiek tot het onderwijs."

Rop om Lelyline is grut

Foar de âld-politikus wie it wol in nije ûnderfining om ris foar de politisy oer te stean: "Dat is best apart, hoor. Om de interviewer te zijn. Maar ik merk vooral dat de Kamerleden er zin in hebben. Laten we er iets moois van maken voor Noord-Nederland. Dat verdienen we wel."