Is de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert noch te rêden?

De Bonifatiustsjerke yn Ljouwert hat sa'n rike histoarje, dat je dy beslist net slute moatte. Dat fynt de Stichting Bonifatiustoren, dy't noch besykje wol om de tsjerke dochs iepen te hâlden.
Der binne no noch twa katolike tsjerken yn de stêd: de Bonifatiustsjerke en de Dominicustsjerke. It bestjoer fan de Sint-Vitusparochy wol lykwols fan 2025 ôf allinne noch mar de Dominicustsjerke brûke foar tsjinsten.
Neffens it parochybestjoer kin it hâlden fan tsjinsten yn twa tsjerken finansjeel net mear út. Der sit ek in protte ûnderhâld oan de Bonifatiustsjerke en de groep tsjerkegongers wurdt hieltyd lytser.
'Beslút te rap'
It parochybestjoer hiert de Bonifatiustsjerke fan de Stichting Bonifatiustoren, dy't sûnt 1974 eigener is fan it gebou. Neffens foarsitter Titus Hoogslag is it beslút te rap naam. Der moat neffens him nochris goed nei it finansjele plaatsje sjoen wurde, foaral fanwegen de bysûndere posysje fan de Bonifatiustsjerke.
"Wij zijn bijzonder verdrietig en teleurgesteld", fertelt Hoogslag. "Het is een stadskerk die zo centraal is en zo veel betekent voor de stad en provincie, dat we deze plaats van christelijke eredienst gewoon in stand moeten houden."
Dat it tal tsjerkegongers rûnom yn Nederlân ôfnimt, sjocht Hoogslag ek. Hy begrypt de drege kar dy't it parochybestjoer meitsje moast.
Men is schatplichtig aan de historie van deze kerk
"Maar in dit soort processen zie je juist dat de oudste, meest historische kerk in de stad overeind blijft. De Sint Jan in de binnenstad van 's-Hertogenbosch zal de laatste kerk zijn die dichtgaat. Ik vind dat de Bonifatiuskerk ook de laatste kerk in Leeuwarden moet zijn die dichtgaat. Men is schatplichtig aan de historie van deze kerk."
Tsjerke yn de ferkeap
As de tsjinsten fan 2025 ôf echt út it gebou ferdwine, is der gjin takomst mear foar de Bonifatiustsjerke en foar de stichting. It gebou sil dan ferkocht wurde. "Dan laat het zich raden dat projectontwikkelaars gaan kijken wat ze met deze kerk kunnen gaan doen."
De foarsitter hopet op koarte termyn dochs noch mei it parochybestjoer yn petear te kinnen. "Ik ben ook erg benieuwd naar hoe de parochianen erin staan", sa ferwiist hy nei kommende woansdei. Dan wurdt it beslút oan de tsjerkegongers foarlein.