Hearrenfean mooglike lokaasje foar Olympyske Spelen 2030

© ANP

De Olympyske Spelen komme mooglik nei It Hearrenfean. Thialf wurdt neamd as lokaasje foar it langebaanriden yn in plan fan Switserlân, dat yn de race is foar de Spelen fan 2030.

Yn Switserlân sels binne gjin iisbanen fan Olympyske kwaliteit, en dêrom sjocht dat lân nei oare lokaasjes foar it reedriden. Ien fan dy lokaasjes soe It Hearrenfean wêze kinne. By Thialf steane se iepen foar dat idee.

"Wy sille gjin 'nee' sizze, as se ús freegje", seit direkteur Minne Dolstra fan Thialf, mar kontakt mei Switserlân hat der noch net west. Yn de kuiergongen hat er al wol oer de plannen heard, seit er. "It soe moai wêze as it kin."

© ANP

It Nederlânske NOC*NSF is op de hichte fan de plannen, meldt in wurdfierder, dy't beklammet dat it noch fier fuort is. Earst moat it nasjonaal Olympysk komitee fan Switserlân noch ynstimme mei it foarstel, en dêrnei moat Switserlân noch keazen wurde as lokaasje foar de Spelen.

Twa betingsten

As dat slagget, moatte der noch oan twa betingsten foldien wurde foardat it NOC*NSF akkoart giet, seit wurdfierder Lieselot Meelker.

Earst moatte de alternativen goed besjoen wurde, seit se. "Misschien is een ijsbaan in Italië of Duitsland wel geschikter, in het kader van duurzaamheid, omdat die minder ver van Zwitserland af liggen."

Boppedat is it foar it NOC*NSF fan belang dat it ynternasjonale Olympysk komitee IOC en it ynternasjonaal reedrydbûn ISU de plannen stypje.

De direkteur fan Thialf sjocht de ôfstân tusken Switserlân en Hearrenfean net direkt as in probleem. "By de Spelen yn Sina wiene de ôfstannen ek hiel grut", seit er.

Reedride yn Thialf © ANP

Der binne gjin grutskalige oanpassingen nedich yn de iishal, seit Dolstra, as Thialf echt in Olympysk stadion wurde soe.

"Miskien in pear lytse dingen, mar we binne klear foar grutte eveneminten. Dat ha we ek sjen litten mei de WK's. Olympyske Spelen duorje wat langer, mar se ride dêr ek gewoan op in baan fan 400 meter."

Spitich foar Switserlân

Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn wie op de Olympyske Spelen fan 2014, 2018 en 2022. Hy hat thús in gouden, in sulveren en in brûnzen Olympyske medaille yn it laad. En hy tinkt dat it kin, Olympysk reedriden yn Fryslân.

Oare toernoaien binne hjir ek, seit er, dus it soe gjin probleem wêze moatte. Al sitte der neffens him wol twa kanten oan dit ferhaal.

"Oan de iene kant soe it hiel moai wêze", seit er, foar Fryslân en foar Nederlân, mar oan de oare kant is it foar de Switserske reedriders wol spitich dat dêr net in goeie iishal komt."

Jorrit Bergsma op it Olympyske iis fan Peking © ANP

En dat it reedriden op sa'n ôfstân fan de rest fan de Spelen wêze soe, soe ek spitich wêze, seit Bergsma. "Dat docht wol wat ôfbreuk oan it Olympysk gefoel."

De provinsjale fraksjes fan PvdA en VVD binne enthûsjast oer it idee. Se roppe de provinsje no op om in goeie lobby te begjinnen, seit steatelid Jaap Stalenburg.

"Dit bewijst het belang van Thialf voor de internationale topsport. Het is een hele mooie kans."