HEA! De filosofyske útspraken fan Frans Prins
HEA! Goeie mei De Filosoof
HEA! seit Goeie yn Marrum en treft de 84-jierrige Frans Prins. Prins hat as bynamme De Filosoof, sa seit er sels. "De lach is het beste medicijn", is ien fan syn útspraken.
Hy brûkt syn filosofyske útspraken ek wolris as hy foar de rjochter stiet. Prins is gek op fiskjen nei seebears yn Seelân, en dêrmei giet hy somtiden oer de skreef. Mei as gefolch dat hy foarkomme moat. Mar ophâlde mei fiskjen docht er net. Hy kin it gewoan net litte, fertelt er.