Auto fan Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) yn de brân stutsen

© Eigen foto

De auto fan it Fryske Keamerlid Tjeerd de Groot is yn de brân stutsen. Der is neat mear fan oer.

De Groot (D66) hie syn auto parkeard yn Nagele, yn de Noardeastpolder. It is net dúdlik oft it om in polityk motivearre aksje giet, mar neffens De Groot nimt de plysje de brânstichting tige serieus omdat er al earder bedrige is.

De finansjele wearde fan de auto wie net grut, mar foar De Groot sit der wol emoasjonele wearde oan: hy hie de auto oerkrigen fan in ferstoarn famyljelid. It Keamerlid út Wâldsein hat oanjefte dien.