Liveblog | 10 novimber 2023

112-nijs 10 novimber: Brân op skip yn Harns ûnder kontrôle

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 10 novimber 2023, 18:23
18:23

Auto bedarret op seedyk

Der is freedtejûn in auto op de seedyk by Koarnwertersân bedarre. Hoe't de auto dêr telâne kaam, is net dúdlik. Wol rinne der fan de ôfrit ôf spoaren fan in romme bocht oer de seedyk.

De ambulânse kaam teplak om de ynsitters nei te sjen.

Auto op de seedyk © CAMJO Media
17:33

Wytplantaazje om drugsskuld ôf te lossen: 80 oeren wurkstraf

Om in âlde drugsskuld de wrâld út te helpen, hie in 26-jierrige âld-ynwenner fan Ljouwert syn wenning beskikber steld foar himptylt. De man hat in wurkstraf krigen fan 80 oeren.

De fertochte sei tsjin de rjochter dat er 'nagenoeg niets' wist fan de wytplantaazje yn syn wenning oan de Eikenstraat yn Ljouwert. Yn wat er sels 'een donkere periode' fan syn libben neamde, omdat er oan kokaïne ferslaafd wie, hie er de nedige skulden opboud. Om dy ôf te beteljen, moast er syn wenning beskikber stelle foar de wyttylt.

Dat waard ûntdutsen nei in melding fan de benedenbuorlju, doe't der fanút de wenning fan de fertochte wetter lekte yn de meterkast. De plysje fûn yn twa romtes yn totaal mear as 400 himpplanten fan sa'n fiif wiken âld. De stroom waard yllegaal ôftape.

15:30

Selstraffen foar seksueel útrûpeljen froulju

Foar it seksueel útrûpeljen fan trije prostituees binne in frou út Snits en in man út Sint Anne feroardiele ta selstraffen fan respektyflik seis moannen en in jier.

Se wienen earder in pear. De twa hienen neffens de rjochtbank trije froulju út Roemenië en Kolombia as prostituee wurkje litten yn huzen yn Ljouwert, Snits, Burgum en Boalsert.

De frou pleatste foto's fan de froulju op ynternet en regele ôfspraken. De man helle it jild op en brocht handoeken, glydmiddel en kondooms nei de froulju. De froulju mochten hast net nei bûten en hienen kwealik frij.

It pear moat it fertsjinne jild, goed 25.000 euro werombetelje oan de froulju. De offisier hie 24 en 18 moannen sel, wêrfan seis ûnder betingst easke. Dy eask wie heger as de útspraak fan de rjochter, om't it seksueel útrûpeljen fan twa oare froulju net bewiisd wurde koe.

14:53

Brân yn Harns ûnder kontrôle

© Kappers Media

De brân op it skip yn Harns is ûnder kontrôle, meldt de brânwacht. It sein 'brand meester' is jûn. De brânwacht sil noch in neiferkenning dwaan.

Om it fjoer te bestriden hat de brânwacht in gat makke yn de romp fan it skip. By it útbrekken fan de brân lei it skip al op de kade.

14:48

Auto fan Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) yn de brân stutsen

© Eigen foto

De auto fan it Fryske Keamerlid Tjeerd de Groot is yn de brân stutsen. Der is neat mear fan oer.

It is net dúdlik oft it om it polityk motivearre aksje giet, mar neffens De Groot nimt de plysje de brânstifting tige serieus omdat er al earder bedrige is.

12:56

Brân op skip yn Harns

© Kappers Media

Yn in skip op in helling yn Harns is brân útbrutsen. De brânwacht warskôget foar de reek, dy't oer in wenwyk lûkt.

Troch de waarmte is it dreech om by de boarne fan de brân te kommen, meldt de brânwacht. Dy besike no in gat te meitsjen yn de stielen romp fan it skip.

De brânwacht seit dat der net ien mear oan board is. De brân soe om kertier oer tolven hinne ûntstien wêze by wurksumheden oan it skip.