Plysjeman dy't op trekker skeat: "Achteraf bekeken had ik niet geschoten"

© ANP

De plysjeman dy't ferline jier by in boereprotest op in trekker skeat, seit dat de spanning om de protesten hinne him dy deis soer opbruts. "Achteraf bekeken had ik niet geschoten."

Der is in soad belangstelling foar de saak. Kollega's fan de fertochte binne nei Utert ta kommen en folgje de sitting yn in aparte seal. De agint wurdt fertocht fan besykjen ta deaslach.

Ut feilichheidsoerwagings is de agint net fysyk oanwêzich, mar fia in skerm. Net te sjen, wol te hearren. Mei in ferfoarme stim. Hy wurdt oansprutsen mei nûmer '7'. It binne tige útsûnderlike maatregels.

© Omrop Fryslân

It is dien op fersyk fan de fertochte. Hy is benaud foar syn eigen feiligens en dy fan syn famylje. Hy wol syn wurk graach feilich dwaan bliuwe. De rjochtbank is dêr yn meigien. Dy tinkt dat it net ûnmooglik is dat de nei de sitting besocht wurde soe om adresgegevens fan de fertochte te achterheljen en de fersprieden.

De fertochte sit al 45 jier by de plysje. Hy seit dat er faker heftige saken meimakke hat. Ien kear earder hat er sketten. Tritich jier ferlyn op in ridende auto mei kriminelen.

Spanning

It giet oer de oanlieding en it momint fan sjitten. De spanning wie op de deis sels om te snijen, seit de fertochte. Dy spanning boude neffens him al dagen op. "Normaal ben ik iemand die rustig blijft en rationeel is", seit er oer himsels. "Maar het zou kunnen dat die spanning die toen opliep me parten speelde."

Dat er skeat, kaam omdat er tocht dat der op syn kollega's ynriden waard. Neffens de plysjeman is allegearre hiel rap gien. "Het was een grote hectiek. Jouke rijdt de rotonde op en ik was bang dat ik of mijn collega's letsel zouden oplopen."

De rjochter leit de agint foar dat it op bylden net liket as rydt de trekker op him ôf. Neffens de agint jout de fideo lykwols net in folslein byld. Hy bliuwt derby dat der op him ynriden waard en dat it boppedat net te foarsizzen wie wat de trekker dwaan soe.

Risiko

Neffens de ynstruksje bringt sjitten op ridende auto's of trekkers in soad risiko mei him mei, seit de rjochter. "Maar daar dacht ik op dat moment niet over na", seit de fertochte. "Later was ik wel opgelucht dat er geen gewonden waren."

De bylden dy't makke binne fan it sjitynsidint wurde yn de rjochtbank sjen litten. "Jouke rijdt niet hard en rijdt u voorbij. Waarom dan toch geschoten?", freget de rjochter.

Sjoch hjir nei de bylden fan it sjitynsidint by in boereprotest ferline jier:

It momint fan sjitten op de trekker

"Ik was van mening dat ik Jouke kon stoppen door op de cabine te schieten." Hy beneamt dat er op de boppekant fan de trekker sketten hat. "Pas later hoorde ik dat er een jongen van zestien jaar in zat. Achteraf bekeken had ik niet geschoten."

Sprekrjocht

De famylje Hospes is ek oanwêzich yn de rjochtbank. Mem Tjitske Hospes makket gebrûk fan it sprekrjocht. "Dit foarfal hat ús wrâld op 'e kop set. Us twa jongste bern ha noch hieltyd lêst fan panykoanfallen. It hiele gesin is noch yn terapy om alles te ferwurkjen."

Sy seit dat de famylje graach fierder wol mei it libben. Dat is ek ien fan de redenen dat de famylje mei de plysjeman yn petear gien is. "Dat hat in goed petear west. De agint hat syn ferhaal dwaan kinnen, wy ha alle fragen stelle kinnen dy't wy hiene."

Hospes fynt dat de bylden gjin twivel litte oer de bedoelingen fan har soan. "Op it filmke is dúdlik te sjen dat Jouke, echt oantoanber, net op de plysje ynriden is."

De rjochtsaak tsjin de plysjeman dy't op Jouke skeat is noch oan de gong.