Ryk driget mei boetes foar 'smoarch' sâltfabryk Harns om 'ongewone voorvallen'

© ANP

By kontrôles fan it sâltfabryk Frisia yn Harns hat bliken dien dat meardere saken net op oarder wiene. Gasflessen wiene net neffens de regels opslein, it fabryk wie smoarch, en der is te let melding makke fan in ferruske draachbalke en in mooglik lek.

It Staatstoezicht op de Mijnen hat Frisia no in lêst ûnder twangsom oplein. Dat hâldt yn dat it bedriuw in boete betelje moat as it opnij mis giet.

Gasflessen

By in ynspeksje op 8 febrewaris seagen ynspekteurs fan it Staatstoezicht dat der ûngefear 15 gasflessen op it terrein opslein wiene op in wize dy't net neffens de regels wie.

By in saneamde herynspeksje op 30 maart wiene der wer gasflessen op ferkearde wize opslein. Wannear't dat nochris bart, moat Frisia 2500 euro per kear betelje mei in maksimum fan 25.000 euro.

Smoarch fabryk

Boppedat waard by de earste ynspeksje op 8 febrewaris sjoen dat der op de tredde ferdjipping "een dermate grote hoeveelheid product op de vloer ligt dat hierin de voetstappen zichtbaar zijn".

Sa troffen ynspekteurs de fabryk fan Frisia oan by in ynspeksje © Staatstoezicht op de Mijnen

By de herynspeksje op 30 maart wie dat opromme, mar op oare ferdjippingen waard noch hieltyd griemd materiaal oantroffen. Wannear't dat nochris bart, kostet dat Frisia 500 euro yn de wike per ferdjipping, mei in maksimum fan 5.000 euro.

'Ongewone voorvallen'

By in ynspeksje op 10 july is konstatearre dat Frisia twa 'ongewone voorvallen' net sa gau as mooglik meldt hat oan it Staatstoezicht. By ien fan dy gefallen gie it om in ferruske draachbalke, dy't der foar soarge dat de betonflier mooglik minder belesting oankoe.

Letter die bliken dat Frisia al yn jannewaris op de hichte wie, mar dat net trochjûn hie oan it Staatstoezicht. It bedriuw hat ek pas in july de romte ûnder de betreffende flier ôfset.

Mooglik lekkaazje

It twadde foarfal giet om in melding fan 14 july. Doe hat Frisia per mail oanjûn dat der sâlt wetter yn de drainaazjeputten oantroffen wie. Dy putten binne ferbûn mei de pekelviver, dêr't it oppompte sâlte wetter út de Waadsee opslein wurdt, en dêrom bestie it fermoeden dat dy lek wie.

Ek hjirby die letter bliken dat Frisia al op 25 maaie op de hichte wie fan de mooglike lekkaazje en dat it neffens it Staatstoezicht te let melden is. Wannear't Frisia yn de takomst soksoarte 'ongewone voorvallen' net op tiid meldt by it Staatstoezicht op de Mijnen kostet dat it bedriuw 2500 euro per kear, mei in maksimum fan 10.000 euro.

Ferbettering

By in resinte ynspeksje binne gjin nije oertrêdingen fêststeld, seit in wurdfierder fan it Staatstoezicht. Boppedat wie der safolle ferbettering te sjen dat Frisia foarearst net hoecht te beteljen.

In wurdfierder fan Frisia seit yn in reaksje dat it bedriuw yn earste ynstânsje bot skrokken is fan de krityk. "Maar we zijn ermee aan de slag gegaan en doordat we ermee zijn geconfronteerd zijn, zijn we er als bedrijf beter van geworden."