Wergea hat alle medyske soarch byinoar: "In toskedokter is ek noch wolkom"

De húsdokter yn Wergea hat in hiel soad medyske spesjalisten om har hinne sammele. Sûnt koart sit yn it nijboudiel fan it doarp in nagelnij sûnenssintrum mei ûnder mear in diëtiste, fysioterapeut, de thússoarch en sels in skjintmespesjalist.
By de eardere praktyk fan dokter Renate de Groot stiene twa 'units', ûnder oare om de fysioterapeut in plakje te jaan. Dy binne in wike ferlyn lang om let fuorthelle mei kranen. Sneon wurdt in wier sûnenssintrum iepene yn it doarp, dêr't in soad soarch no byinoar sit.

"Wy binne tige grutsk dat wy dit foar inoar krigen hawwe nei jierren ploeterjen", seit De Groot.
Beswiermakkers
Mar it hat wol lang duorre, jout De Groot ta. "Doe't ik hjir kaam yn 2003 woe ik al soks." Sy krige de apoteker safier om tegearre in plan op te setten. Mar der siet in soad tsjin. Tink oan fergunninggedoch by gemeenten, de coronabeperkingen en hege bouprizen. En dan kamen der ek nochris sân beswieren fan bewenners út de regio dêr't it sintrum kaam is.
"Dy wiene benaud foar oerlêst fan auto's of oare drokte troch it sintrum." De gemeente Ljouwert hat nei trije sittingen de beswieren fan tafel fage: it publike belang fan it sintrum foar it doarp is wichtiger as de beswieren.

Yn it gebou sit net allinnich in diëtist, thússoarch en ferloskundigepraktyk mar ek in skjintmespesjalist. Silke Kooistra fan Wergea socht noch om plak. "Ik haw de stoute skuon oanlutsen en der wie noch plak, dus no sit ik hjir moai. It is allegear moai nij en tagonklik. Aldere minsken kinne mei de lift nei boppen ta."
Toskedokter
De soarchfraach is heech en ek heger wurden yn Wergea en omkriten troch mear âldere minsken, sjocht De Groot. Dêrom is it sintrum wis gjin oerstallige lúkse, der soe sels wol in húsdokter by kinne. "Mar ek in toskedokter of logopedist soe wolkom wêze. Minsken yn it doarp fine it noch altyd spitich dat de toskedokter fuort is."
De nije multyfunksjonele praktyk is hielendal by de tiid brocht. Besikers fan de praktyk kinne har by in digitale oanmeldpylder melde. Der is dus gjin balymeiwurker mear. Dêrmei is de praktyk de earste fan Fryslân.
It gebou hat noch in pear lege keamers dy't troch oare medysk spesjalisten of maatskiplike organisaasjes opfolle wurde kinne.