Liveblog | 12 novimber

Sport: Sanne Vermeer Nederlânsk kampioen judo | Wrâldtitel beachfollybal foar Poiesz en Piersma

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 12 novimber, 20:20
snein 12 novimber
20:20

Sanne Vermeer Nederlânsk kampioen judo

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens is Nederlânsk kampioen wurden yn de klasse ûnder 70 kilo. Yn it topsportsintrum yn Almere rekkene se yn de finale ôf mei Margit de Voogd.

Foar Vermeer wie it in moai resultaat: se wie yn it ferline in wrâldtopper, mar hat in protte blessueres hân.

Sanne Vermeer © Orange Pictures
18:13

Wrâldtitel beachfollybal foar Poeisz en Piersma

Friezen Desy Poiesz en Brecht Piersma hawwe harren kroand ta wrâldkampioen beachfollybal ûnder 21.

Yn de finale wûn it duo yn twa sets fan in Switsersk duo: 14-21 en 16-21. Yn de pûlfaze hienen Poiesz en Piersma noch fan harren ferlern.

De einstriid gie in stik better. Yn de earste set stie it duo de hiele tiid op foarsprong. Yn de twadde set hienen Poiesz en Piersma it wat dreger, mar de Switsers wienen net yn steat om de set te winnen. By it twadde matchpoint wie it raak en sa wienen de Friezen wrâldkampioen.

16:27

Cambuur ferslacht ADO Den Haag

SC Cambuur hat ek de op papier drege útwedstriid tsjin ADO Den Haag wûn (1-2). De Ljouwerters winne sa foar de fjirde kear op rige yn de Keuken Kampioen Divisie.

16:03

Noppert ek te sterk foar Gilding

Op de Grand Slam of Darts yn it Ingelske Wolverhampton hat Danny Noppert ek de twadde groepswedstriid wûn. De Jouster wie mei 5-3 te sterk foar de Ingelske Andrew Gilding.

Sneon hie Noppert ek al wûn fan de Japanner Haruki Muramatsu.

15:34

Bentveld alfde by fjildriden yn Dendermonde

Leonie Bentveld fan Burgum is alfde wurden by it fjildriden yn Dendermonde. De rydster fan Pauwels Sauzen-Bingoal kaam 3 minuten en 33 sekonden nei winner Ceylin del Carmen Alvarado oer de einstreek.

10:10

Femke Kok pakt winst en wrâldrekôr mei mingde ôflossing

Femke Kok © ANP

Femke Kok en Wesley Dijs hawwe út namme fan Nederlân de earste mingde ôflossing ea wûn by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro. By dizze mixed relay wikselje by elk dielnimmend lân in man en frou elkoar ôf, op in wat ferlykbere wize mei shorttrack. De frou start en moat in rûntsje ride, folge troch twa rûntsjes fan de man, twa rûntsjes fan de frou en dan noch in ronde fan de man.

It nije ûnderdiel soarge foar de nedige gaos. Yn de earste rit pakte Súd-Koreä de kop, mar doe't de earste wiksel folslein ferkeard timed waard, folge ek direkt de earste diskwalifikaasje.

Falpartij

Yn de rit mei Nederlân yn de baan kaam Dijs meardere kearen yn oanrekking mei de Kanadezen. De Nederlanner einige de rit yn in falpartij nei kontakt mei Antoine Gélinas-Beaulieu en kaam al glydzjend op 'e búk oer de einstreek.

Lizzend op it iis joech Dijs al oan hindere te wêzen troch de Kanadees en dêr wie de sjuery it mei iens. De diskwalifikaasje fan de Kanadezen, betsjutte foar Nederlân dus de winst én in wrâldrekôr, al wie dat yn de earste edysje ea fansels in sekerheidsje foar de winner.