DJ Punish út Snits skoart mei muzyk yn nijste Marvel-film: "Dit is de grootste"

In bysûndere mylpeal foar DJ Punish út Snits: syn muzyk is sûnt woansdei te hearren yn de nije Amerikaanske film 'The Marvels'. De superheldefilm is it ferfolch op de kaskreaker 'Captain Marvel' út 2019.
Under de namme Marvel binne de ôfrûne jierren tal fan films makke as 'Spiderman', 'The Avengers' en 'Iron Man'. Oan de nijste film sit dus in Frysk tintsje, want in nûmer fan Richard Westra út Snits wurdt brûkt yn de film. Westra makket muzyk ûnder syn artystenamme DJ Punish.
Tegearre mei Jerry Leembruggen fan The Partysquad skreau hy de muzyk al yn 2013. No is it te hearren yn de bioskoop. 'Double Bubble Trouble' hjit it nûmer en it komt fuortendaliks oan it begjin fan de film foarby.
Westra wie bliid ferrast doe't Disney him fertelde dat syn nûmer yn de nije film sit. "Heel blij, heel trots. Ik vind het super dat het in de film zit, en gelijk bij het begin van de film. Dat had ik niet verwacht."
Ofrûne tongersdei krige er te hearren dat syn muzyk yn de film brûkt wie. "Het was echt afwachten, want het was niet zeker allemaal. Dat was wel een dingetje", seit Westra.
Nochtere Fries
De DJ bliuwt kalm ûnder it sukses. "Ik ben een heel nuchtere Fries. Ik ben meer een persoon van de achtergrond, maar het is wel leuk om dit mee te pakken."
Leembruggen fan The Partysquad is grutsk op Westra. "Richard is een beetje undercover, maar eigenlijk wel de trots van Friesland. Hij is een van de betere producers en heeft veel voor ons betekend."
De grutste
Westra syn muzyk wurdt faker brûkt yn ynternasjonale films, sa as yn 'Sing' út 2016 en 'Girls' Night Out' út 2017. "Maar voor nu is dit wel de grootste die we hebben gedaan."